Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

26 juny 2012

Audiofrysk Nijsbrief
Fakânsje!

Aanst op fakânsje?

In ideaal momint om in harkboek fan Audiofrysk te probearjen.

Fakânsje!

De Traveliers Kantsjeboardi Berneboekesjuery priis foar Auck Peanstra har Kantsjeboard op Kurasao
Yn in lytse, mar sfearfolle byienkomst op de trijetalige skoalle De Pôlle yn Marsum waard de priis fan de Berneboekesjuery bekend makke. Fan de fiif Traveliersboeken hie Kantsjeboard op Kurasao de measte punten krigen fan de lêzers.
Lokwinske Auck!
25 skoallen hiene har ynskreaun om mei te dwaan; in moai resultaat foar de boppebou! As aanst de trijetalige skoallen goed op gleed binne, sille der grif noch mear learlingen lêze foar de Berneboekesjuery. Dy fan De Pôlle wiene yn elts gefal hiel benijd nei it folgjende diel, dat yn oktober útkomt. Anny de Jong fertelde in lyts bytsje oer de plot. It hyt 'Spoaren!' en spilet yn it noarden fan Finlân, op de grins mei Ruslân.
Auck hat de priis krigen
   

Kadootsje fan Audiofrysk

Klaas Bruinsma lêst foar jo it gedicht Carpe Diem, fan de Spaanske dichter Garcilaso de la Vega (1501-1536)

   

Alice yn Wûnderlân

 

Ferkâldheid is de fijân fan de ynlêzer

Tryntsje van der Veer hat it ynlêzen fan Alice yn Wûnderlân, it bysûndere berneboek fan Lewis Carroll, in skoft rêste litte moatten omdat de stim troch it firus oanfallen wie. Aldergeloks hat hja no de tried wer opkrigen. Wy hoopje it harkboek fan de oersetting fan Tiny Mulder yn de hjerst presintearje te kinnen.

 

 

Alice Nij

Aanst op fakânsje? Harkboek mei!
Op lange reizen is lêze achter yn de auto faak net sa handich. Mar foarlêzen wurde is hiel wat oars. Set in detektive fan Joop Boomsma of Sytse de Vries op de iPod, iPad, smartphone of mp3-spiler; koptelefoan op en de reis fljocht foarby.
Ek yn de fleanmasine is it ideaal. Karút genôch: Sjoerd Bottema, Wieke de Haan, of Anne Popkema mei de Hobbit... Laad se del by Luisterrijk.nl.

 

Nije website De Traveliers
Der is in hiele nije website yn it libben roppen foar de Traveliers. Der wurdt noch hurd oan wurke.
Hald him yn de gaten.

Hallo Wereld

Audiofrysk winsket jo in simmerske simmer ta!

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

juny 2024

maart 2024

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011