Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus |
|||||||||||||
nijsbrief 15 septimber 2012 |
|||||||||||||
De Moanne fan it Fryske Boek |
|||||||||||||
Kado-aksje Audiofrysk ek!
|
|||||||||||||
|
Alice is klear! Tryntsje van der Veer posearret mei it troch har ynlêzen harkboek Alice yn Wûnderlân. Noch in pear dagen en it is ek online te keap by Luisterrijk. Flaptekst en mear: Alice is al oer de hûndert jier, mar se is noch altyd fris, fleurich en libben en noch altyd oarsaak fan bewûndering en fermeits foar bern. Sa skreau oersetster Tiny Mulder yn har ynlieding yn 1964. En der is wat dat oanbelanget net folle feroare. Noch altyd sprekke de aventoeren fan de lytse Alice ta de ferbylding. 'Wy binne hjir allegearre gek,' sei de Siferske Kat tsjin Alice. 'Ik bin gek. Jo binne gek.' - 'Hoe witte jo, dat ik gek bin?' frege Alice. - 'Dat moat wol sa wêze,' andere de Kat, 'oars soene jo hjir net kommen wêze.' 'Hjir' is it Wûnderlân, dêr't it famke Alice yn bedarret en de bjusterbaarlikste dingen meimakket. Se kin harsels lytser en grutter meitsje, wat soms o sa gefaarlik is. Se praat mei de Wite Knyn, de Siferske Kat, de Sabeare Skyldpod, de Boaze Hertekeninginne en noch mear wûnderlike skepsels. Dit klassike boek fol humor foar it jonge - en âldere! - folk is yn tal fan talen fertaald. Fansels ek yn it Frysk.
|
|
|||||||||||
Notear no al fêst: Boekemerk yn Drachten op sneon 13 oktober, fan 11.00-17.00 oere. |
|
Hjir in foto fan de boekemerk 2010. | |||||||||||
Tip foar in hilaryske jûn | De Goede, de Minne en de Lillike, it Iepenloftspul fan Jorwert |
Noch te sjen op 18, 19, 21 en 22 sept. (fol). It begjint om 20.00 oere. |
|||||||||||
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465 |
Ofmelde foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven