Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus
|
|
nijsbrief
10 oktober 2012
|
|
Grutte boekoanbieding yn Ferwerderadiel
Tiisdei 9 oktober wie it in spesjale dei foar de bern yn Ferwerderadiel. Doe wie “Jou in bern in boek” der wer. De bern fan de groepen 2 en 8 fan de basisskoallen yn de gemeente krigen in Frysk boek.
Dizze kear wie it tema: Spoaren. Skriuwster Anny de Jong hat it boek “De Traveliers Spoaren!” skreaun en hja fertelde de bern fan de groepen 8 hjiroer, yn De Soos yn Blije.
De bern hawwe oer dit boek in toanielstik skreaun. Der wie in wedstryd útskreaun wa't it moaiste toanielstik skriuwe koe. Learlingen fan It Fonnemint yn Hallum wiene de winner. It spesjaal oer de Traveliers skreaune liet waard by dizze byienkomst songen.
Bysûndere gasten wiene in groep slidehûnen. Harren baas fertelde oer dizze bisten dy’t yn de poalstreken by temperatueren fier ûnder it friespunt foar de slide rinne.
Alle skoallen krigen as ekstraatsje fan de skriuwster in eksimplaar fan it harkboek Traveliers Spoaren! kado. |
|
Noch in pear dagen
Hoi wrâld! Hallo wereld! Hello world.
|
|
|
|
|
Traveliers yn Hoi Wrâld!
Wat moaier gelegenheid om ien fan de Traveliers oan te tugen. De boeken fan de searje om Hidde, Fardau, Jelle en Doutsje hinne, past optimaal yn it tema fan dizze berneboekewike.
Alle Traveliersboeken binne as harkboek te keap by Audiofrysk, of te lien yn de bibleteken. Freegje dernei, of skaf ien oan fia ús.
Op ferskillende skoallen binne programma's oer de Traveliers fersoarge.
|
|
|
Moanne fan it Fryske Boek set troch
lykas de aksje fan Audiofrysk,
de kado-cd rint as it spoar!
|
|
|
De kado-cd is te krijen by bibleteken en boekhannels en online foar 0 euro te besetten by Luisterrijk. Besykje mar ris in audioboek del te laden en erfaar hoe maklik soks giet. |
|
Portret Durk van der Ploeg ûntbleate yn Tresoar
Gysbert Japicx-winner Durk van der Ploeg is troch Pieter Pander yn oaljeferve ferivige om yn Tresoar yn de galerij fan de grutten opnommen te wurden. Op in libbene byienkomst waard it portret oan de mienskip toand. It is wer in oanwinst foar de Gysbert Japicx-seal. De ferhalebondel Ûnder de seespegel jout in moai oersjoch fan it wurk fan Van der Ploeg troch de jierren hinne.
|
|
|
Boekemerk
Noch in pear dagen en mei de Boekemerk op it Frânske pleintsje yn Drachten slút de Moanne fan it Fryske Boek ôf. Alle útjouwers steane achter de kreamen om mei harren skriuwers it wurk oan de man te bringen. Hein Jaap Hilarides (Joppe) fersoarget ditkear de muzikale omlisting. Wy tidigje op moai waar, mar ha de plastic kleden ree.
|
|
|
Alle nijsbrieven in oar Spaansk gedicht: |
Klaas Bruinsma lêst foar jo it gedicht Untwyk, fan de Spaanske dichteres Rosalía de Castro (1837-1885) |
|
|
|
Foaroankundiging:
Op 11 novimber is de twadde Tyskerblues.
Yn doarpshûs De Tysker yn Easterwierrum spilet dan de bluesgroep BluesMotel út Amsterdam. Hâld dy datum alfêst frij. Audiofrysk is ien fan de Easterwierrumer bedriuwen, dy't dizze middei/jûn sponsorje.
|
|
|
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465
boek@audiofrysk.nl
|
Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde
foar de nijsbrief |