Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus |
||||||||
![]() |
nijsbrief 29 novimber 2012 |
|||||||
HOBBITFILM yn premjêre |
||||||||
![]() |
De Hobbit mear as film allinne Wolle jo ek nei Nij-Seelân om de opnamelokaasje fan de Hobbitfilm te besjen? Gjin raar idee, allinne lang fleanen! Audiofrysk hat foar jo in goeie tip om de reis aardich koarter lykje te litten:
|
|||||||
Beste bibleteek-ferkiezing 2012 Al wer even lyn, mar dochs it melden wurdich: Bibleteek Makkum hellet de tredde priis as bêste byb fan Nederlân. Lokwinske. In grut ferskaat oan bibleteken oer de hiele provinsje is in ryk besit. Hieltyd wer blike kulturele foarsjennings de motor fan de ekonomy. Dat Makkum dizze priis yn de wacht sleept, is in opstekker. Sjoch ek it artikel yn it Bolswards Nieuwsbblad. of op de website fan de byb.
|
||||||||
![]() |
Kado-cd omtrint útferkocht In hiele protte minsken hawwe de cd mei seis fragminten út ús harkboeken mei nei hûs ta nommen. Der binne 5000 fan makke, hoe faak soe it ferhaal fan Sjoerd Bottema bygelyks beharke wêze? Troch de aksje waarden ek online yn de moanne oktober mear Fryske harkboeken delladen. Op nei de folgjende aksje. |
![]() |
||||||
|
||||||||
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465 |
Ofmelde foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven