Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus
|
 |
nijsbrief
30 jannewaris 2013
|
|
Fan 23 jannewaris oant 2 febrewaris binne de Nationale Voorleesdagen. Ideale gelegenheid om ris in audioboek del te laden. Sa wurde bern en grutte minsken foarlêzen troch de skriuwer sels, of in oare foarlêzer. Nim bygelyks Alice yn Wûnderlân, fan Lewis Carroll, dat moai ynlêzen is troch Tryntsje van der Veer. It âlde ferhaal fan it famke Alice, dat troch in kninehoal yn in hiele oare wrâld telâne komt, sprekt noch altyd ta de ferbylding.
|
 |
It jier fan it foarlêzen
De Stichting Lezen hat 2013 útroppen ta Jaar van het voorlezen.
Yn it hiele lân, yn in protte bibleteken en ek by Audiofrysk, binne yn de rin fan it jier aksjes om it foarlêzen yn de spotlights te setten. |
 |

Mearkes fan Grimm by Audiofrysk
Yn april/maaie komt it earste harkboek fan Audiofrysk mei mearkes op de merk. Anne Popkema sil in seleksje út syn grutte bondeling fan mearkes fan de bruorren Grimm ynlêze.
Fanwege de doelgroep, jongere bern dy't hiel graach nei mearkes harkje, wurde se hjir en dêr licht bewurke. Sa hoopje wy der in moai harkboek fan 2 cd's fan te meitsjen. It omslach komt der ek wat oars út te sjen. Hjirnjonken it boek, sa't it by Bornmeer ferskynd is.
|
 |
Grimm - de mearkes
2013 is ek it jier, dat de mearkes fan de bruorren Grimm folop yn de belangstelling steane. Yn Nederlân fiert de boekewrâld 200 jier mearkes fan Grimm. It hichtepunt is faaks it sympoasium yn de Efteling op 14 maart.
Grimm yn Ljouwert
Yn de bibleteek fan Ljouwert binne de orizjinele yllustraasjes fan de mearkes fan Grimm, fan de hân fan Peter Boersma en Hilda Groenesteyn, noch in pear dagen te besjen. Mar leafst 50 yllustraasjes binne tentoansteld yn in kompakt oersjoch fan dizze bysûndere yllustraasjestijl. |
|
|
31. Miguel de Unamuno (1864-1936)
De moarn is foarbygien en hinne,
de sinne liet 't glimkjen al nei.
De nocht giet teloar yn 't ferrinnen;
en moarn is al kommendewei.
De dage wie dream mar te neamen;
't ûntweitsjen wie lyksa in dream.
De siele fergarret mar dreamen;
de moarn is al yn it fergean. |
Alle nijsbrieven in oar Spaansk gedicht:
De moarn...
fan Miguel de Unamuno (1864-1936) ,
oerset en ynlêzen troch Klaas Bruinsma |
|
|
|
|
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465
boek@audiofrysk.nl
|
Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde
foar de nijsbrief |