Mei freonlike groetnis, Jan en Marja Schotanus
|
|
nijsbrief
15 maart 2013
|
|
|
F
e
r
g
e
e
s
|
Boekenweek 2013 - Boekewike 2013
Yn Fryslân ha wy dit jier gjin boekewike, mar Audiofrysk slút graach oan by de Nederlânske Boekenweek. It tema 'Gouden tijden, zwarte bladzijden' is fan alle tiden, mar benammen rjochte op de skiednis.
Wy slute dêr by oan troch yn de perioade 14-24 maart 2013 in skiedkundich ynspirearre wurk út ús fûns fergees te jaan by de oankeap fan in harkboek fia de website www.audiofrysk.nl.
Jo ha de kar út: De swannen fan Hoxwier, De ûnmooglike reis fan de Santa Maria, De kwestje fan Quad (alle trije berneboeken) of De fûke, It Heksershol, of Fan Duveldrek nei Hoarnestreek. |
|
|
Mearkes fan Grimm foar bern
Ynkoarten komt it earste harkboek fan Audiofrysk mei mearkes op de merk. Anne Popkema hat in seleksje út syn grutte bondeling fan mearkes fan de bruorren Grimm ynlêzen. Fanwege de doelgroep: jongere bern dy't hiel graach nei mearkes harkje, binne se hjir en dêr licht bewurke. Sa is it in moai harkboek fan 2 cd's wurden. Foar it omslach mochten wy gebrûk meitsje fan it wurk fan Peter Boersma en Hilda Groenesteyn.
Twa mearkes binne oant 30 april fergees del te laden by Audiofrysk. |
|
It Jier fan it foarlêzen
De Stichting Lezen hat 2013 útroppen ta Jaar van het voorlezen.
Yn it hiele lân, yn in protte bibleteken en ek by Audiofrysk, binne yn de rin fan it jier aksjes om it foarlêzen yn de spotlights te setten.
Yn it ramt fan it Jaar van het voorlezen wol de website fan It Frysk Berneboek alle moannen ien of mear ferhalen of aktiviteiten sintraal stelle foar de Fryske bern. Yn maart giet dat fia Audiofrysk. By ús binne yn de lêste wiken fan maart en de moanne april twa folsleine mearkes fan Grimm fergees del te laden. Anne Tjerk Popkema lêst Hâns en Grytsje, en in wat minder bekend mearke: Bûntepels.
Nei de mearkes
|
|
Foaroankundiging
Yn april start de gearwurking fan Audiofrysk mei Omrop Sudwest-Fryslân. Op de sneintemoarn fan 8 oant 9 hat omropper Hans Bouwsma in programma mei ferhalen, gedichten en muzyk. Hjir sil ek materiaal fan Audiofrysk brûkt wurde.
Wy hâlde jimme op de hichte.
|
|
See, see, do wide see
Sterke titel foar in lêzingemiddei yn Harns. It giet my teminsten sa, dat ik it net gewoan útsprekke kin, mar daliks sjong. Se hiene de noaten der wol by sette kinnen.
Op sneon 23 maart 2013 is de tredde ôflevering fan de Sirkwylêzingen. Dizze rige is yn 2010 opsetten út Audiofrysk wei om mear lêzingen yn it Frysk te krijen.
Audiofrysk sit net mear yn de organisaasje, mar folget it inisjatyf mei niget. Fan de earste edysjes binne harkboeken útbrocht, oft dat ek bart mei dizze ôflevering is noch net wis.
It sil in ynspirearjende middei wurde, mei bydragen fan Nanna Kalma, Tryntsje van der Steege en Bert Looper. Allegearre prate se oer de see yn de literatuer.
Hein Jaap Hilarides fersoarget de muzyk. Spesjaal foar dit sympoasium hat er it liet Robinson Crusoë skreaun.
Plak: Hannemahûs, Harns
Tiid 14.00 oere, ynrin 13.30, ein ± 17.00
Tagong €15, studinten €10. Graach tefoaren opjaan by Tresoar.
Op dizze byienkomst binne de audioferzjes fan de foarige edysjes yn de oanbieding.
Foar it folsleine programma sjoch: www.sirkwy.nl.
|
35. Rubén Darío (1867-1916)
Núnder
Ik haw in núnder fûn fan poer goud op it strân.
Hy wie mei d' ealste pearels yn reliëf fersierd.
Doe't op de himelbolle hja troch 't seewiid glied,
hat him Europa roerd mei goddelike hân.
'k Ha dy swietlûdige núnder oan myn lippen lein
en 't wjerlûd wekke fan de weitsrop fan it wiid.
Ik brocht him oan myn ear, de blauwe minen swiid
ha har ferhoalen skat mei sêfte stim my sein.
Sa komt ta my 't sâlt fan de bittre winen,
dy't Argos fielde by it seilen tinen,
doe't Jasons dream jit leave waard fan 't stjerte.
Ik hear gerûs fan weagen djip hjiryn,
frjemd lûd en wetterslach en heimge wyn.
De núnder dy't de foarm hat fan in herte!
|
Alle nijsbrieven in oar Spaansk gedicht:
Núnder
fan Rubén Darío (1867-1916),
oerset en ynlêzen troch Klaas Bruinsma |
|
|
|
|
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465
boek@audiofrysk.nl
|
Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde
foar de nijsbrief |