Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Maitiidsgroetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

22 april 2013

Audiofrysk Nijsbrief

Grutte aksje by Audiofrysk yn de Week van het luisterboek

Wike fan it harkboek
Harkboeken heale priis!

Alle audioboeken fan Audiofrysk binne online foar de helte fan de priis del te laden by Luisterrijk. In ideale gelegenheid om yn de kunde te kommen mei de folle breedte fan ús oanbod. Keapje de roman De Mjitte fan Koos Tiemersma no foar 7,50, Feroaring fan lucht fan Rink van der Velde foar 6,50 of Skoare by FC Top fan Jelle Bangma, foar mar 4 euro!
De aksje duorret oant en mei 28 april.

 

 

Harkboek DE MOAISTE MEARKES FAN GRIMM is klear!

De Moaiste Mearkes fan Grimm

Anne Tjerk Popkema hat it mearke De wolf en de sân geitsjes nochris op 'en nij ynlêzen om 't syn stim by de earste kear, troch ferkâldheid, krekt te folle klonk as in wolf.

No is de útjefte klear en wurdt er op de website en yn de winkels oanbean. Ynkoarten giet it harkboek ek nei Luisterrijk om as download beskikber te kommen.

De hiele moanne april binne twa mearkes fergees beskikber fia de downloadside fan Audiofrysk, dit yn ferbân mei it Jier fan it Foarlêzen. Op de website fan It Frysk Bernboek wurdt hjir it hiele jier oandacht oan bestege.

Jaar van het voorlezenJaar van het voorlezen

Foto Frans AndringaYnterview yn it Friesch Dagblad

Abe de Vries hat foar it deiblêd in ynterview ôfnommen, dat hjoed (moandei 22 april) yn de krante stiet. Frâns Andringa makke de foto. Wy hiene pland dat dy yn de nije túnkeamer makke wurde soe, mar hy fûn de romantyske sfear yn it ynterieur fan Marja dochs krekt noch even moaier. Sjoch hjirnjonken it resultaat.
It hiele artikel is nei te lêzen by Yn de Media.

Studio Súdwest Studio Sudwest lokale radio

Yn april start de gearwurking fan Audiofrysk mei Omrop Sudwest-Fryslân. Op de sneintemoarn fan 8 oant 9 hat omropper Hans Bouwsma in programma mei ferhalen, gedichten en muzyk. Hjir sil ek materiaal fan Audiofrysk brûkt wurde. It earste boek dat hielendal útstjoerd wurdt, is De Fûke, fan Rink van der Velde, ynlêzen troch Sjoerd van Beem.

 

See, see, do wide see

See, see, do wide seeSee,see do wide see

It sympoasium See, see, do wide see yn Harns wie in moai sukses. Sa'n 70 beteljende gasten hearden in nijsgjirrige ynlieding fan Meindert Schroor oer Fryslân en de see, in relaasje dy't problematysk is...

En dêrnei folgen trije lêzings:

Nanne Kalma oer de see yn lietteksten, Tryntsje van der Steege oer de rol fan de see yn it proaza en Bert Looper oer de see yn de poëzij. De muzyk fan Nanne en Ankie, en fan Hein Jaap Hilarides makke de middei ôf.

Audiofrysk hat opnamen makke en no is it harkboek klear. It is al wer it tredde yn de rige Sirkwy Sympoasia, dit kear mei fjouwer lêzings op twa cd's.
Ynkoarten is See, see, do wide see ek by Luisterrijk del te laden.

 

 

 

65. Jorge Luís Borges (1899-1986)

Myn boeken

Myn boeken, dy't net witte dat 'k bestean,
binn' likegoed fan my as dit gesicht
mei grize sliepen en mei grize eagen,
't gesicht dat ik fergees sykj' yn de spegel
en dat ik mei de holle hân bereizgje.
Net sûnder in te fetsjen bitterheid
betink ik dat de wêzentlike wurden
dy't my útdrukke, op dy siden steane,
dy't my net kenne; nèt op dy't ik skreaun ha.
't Is better sa. De stimmen fan de deaden
sill' altyd tsjin my prate.

 

Alle nijsbrieven in oar Spaansk gedicht:

Myn boeken

fan Jorge Luís Borges (1899-1986),

oerset en ynlêzen troch Klaas Bruinsma

   
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
> Untitled Document

Eardere nijsbrieven

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011