Maitiidsgroetnis, Jan en Marja Schotanus
|
|
nijsbrief
7 maaie 2013
|
|
Literêr Sirkwy fan it Skriuwersboun komt del by DAT tekstbureau |
Harkboeken heale priis!
Alle audioboeken fan Audiofrysk wiene online foar de helte fan de priis del te laden by Luisterrijk.
De aksje duorre oant en mei 28 april en wie in moai sukses. Der waarden folle mear downloads ferkocht as normaalwei. Soe it trochwurkje, no't de priis wer gewoan is?
|
Harkboek De treastfûgel fan Hylke Spearstra is (omtrint) klear
Yn De treastfûgel folget Hylke Speerstra it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin yn it stienearme Súd-Dakota amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen. Foar de oare húshâlding wurdt it in swalkjen tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân.
De ferhalen fan beide famyljes komme wer byinoar as twa neikommelingen út de tredde generaasje oan it oarlochsfront bedarje: de iene as oerwinner, de oare as ferliezer.
Speerstra reizge foar dit ferhaal nei noch libjende tsjûgen yn Amearika en Dútslân, en kaam werom mei it hiele ferhaal.
Mar hoe hertferskuorrend de earmoede en ferskrikkingen bytiden ek wiene, Speerstra fertelt de stoarje sa't hy dat allinne mar kin: fol gefoel, humor en moederaasje. Dat alles yn prachtich en lêsber Frysk. Dit boek ferskynde yn oanset as boekewikegeskink 2011.
Speerstra hat it fuortendaliks ynlêzen, en it harkboek is fierhinne klear.
|
Dichteres Tryntsje van der Veer
rint de alvestêdetocht en stekt literêr streksum oan.
Tiisdei 7 maaie kriget se it moarnsbrochje mei omelet by Marja fan DAT tekstbureau, op de rûte fan Ljouwert nei Sleat. It is de earste halte fan dizze ôflevering fan it Literêr Sirkwy fan it Skriuwersboun.
Dichtbondels fan Tryntsje van der Veer:
Binnentún, Elikser, 2009
49 haiku's oer de natoer en it libben
Fan binnen út - From within, mei cd, twatalige dichtbondel, Elikser, 2012
Fan binnen út is in seleksje foarjiersgedichten, omliste mei fotowurk fan Ouke Kooistra. De teksten binne ynsprutsen en op piano en fioele omspile troch Rob du Jardin.
Ta gelegenheid fan it Literêr Sirkwy mei Tryntsje binne foar de alvestêdekuierders lieten út Kabaret te hearren. Dizze musicalsongs binne troch DAT tekstbureau yn 2005 oerset foar it Iepenloftspul fan Jorwert. It nûmer Money is dizze wike ek op ús site te hearren.
Ek de oare oersettings foar toaniel steane even yn de skynwerpers. Om it ferskaat fan lieten en teksten oan te jaan, nimme wy hjir twa teksten op: it gedicht Wenningleaze (Allinne yn myn gedichten...) fan Jan Jacob Slauerhoff (Slauerhoff en Jorwert, 1998) en Reade wyn, oarspronklik fan Bram Vermeulen, út Bohemia, 2011.
Hjir Tryntsje mei it troch har ynlêzen harkboek Alice yn Wûnderlân.
Jo kinne Tryntsje har rintocht folgje op de blog fan Ruurdtsje de Haan.
|
Wenningleaze
J J Slauerhoff - oersetting Jan en Marja Schotanus
Allinne yn myn gedichten kin ik wenje,
Nea fûn ik earne oars myn ûnderdak;
Foar d' eigen hurdstee field' ik nea in swak,
In tinte waard troch de stoarm op wjukken nommen.
Allinne yn myn gedichten kin ik wenje.
Salang 't ik wit dat ik yn wyldernis,
Yn steppen, stêd en wâld dat ûnderkommen
Fine kin, deart my gjin bekommernis.
It sil lang duorje, mar de tiid sil komme
Dat fóár de nacht my d' âlde krêft ûntbrekt
En om 'e nocht om sêfte wurden bidt,
Wêrmei 't ik earder bouwe koe, en de klaai
My bergje moat en ik my delbûch nei dit
Plak dêr't myn grêf yn 't tsjuster iepenbrekt.
Harkje nei it liet.
|
Reade wyn
Bram Vermeulen - oersetting Jan en Marja Schotanus
It bêd hat nachts mar heal besliept west
De helte fan myn teksten wurde wier
De helte fan myn salaris is my genôch sa, mar
Sliepe falt my no wol swier
De platen binn' no allegear fan my
Ik draai se krekt sa lûd as 't kin
De televyzje mei de doar út
Omdat ik wol sûnder kin
Wat in bestean, wat in luzelibben
't Ferrekt my neat, dan mar ferkeard
Reade wyn, reade wyn
Wy nimme fleurich yn
Ik drink my alle jûnen in beroerte
En ite ha ik wikenlang net dien
Ik pisje wer as froeger yn de waskbak
Stadich wurde al myn lekkens grien
Ik kin net wenne oan de stilte
Alhiel net skoften lang
De frijheid dy't ik my ferbylde
makket my eins bang
No wit ik pas hoe't ik har mis
't Is ûngewoan, 't moat wenne
Ik net, do net, die it ferkeard
't Is wenne oan myn eigen leven
In keuken fol mei brûkte glêzen
It rint my net wer út de klau
Kin immen my út de rotsoai rêde
Ik begjin fan foaren ôf
Harkje nei it liet Reade wyn
|
50. Gerardo Diego (1896-1987)
De Venus mei de spegel
Kom, lit ús tinke oan de fereale Dead,
de dea dy't is de rêch fan 't libben skien,
of faaks it boarst fan 't libben, komd of gien,
want ear't wy har omfetsje, witt' wy neat.
Wy leauwe, it libben is ús leafste breid,
dy't wy de hite holle tútsje, en tinke,
dêrefter sil in djippe nekke sinke,
dy't ús ferbjust're hân yn tizen aait
Faaks libje wy flak foar in neaken byld,
in rêch dy't wûndermoai is of in skyld,
de Venus mei de spegel fan de dea.
Hiel fier, oan de ein, har eagen dy't fûl blinke
fan kwea of leafdetsjoen, en dy't ús krinke.
O Venus, kom, want ik begear dyn lea!
|
Alle nijsbrieven in oar Spaansk gedicht:
De Venus mei de spegel
fan Gerardo Diego (1896-1987),
oerset en ynlêzen troch Klaas Bruinsma |
|
|
|
|
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465
boek@audiofrysk.nl
|
Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde
foar de nijsbrief |