Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Maitiid, ynienen is it lân keal, groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

26 maaie 2013

Audiofrysk Nijsbrief

De treastfûgel is klear!

Harkboek De treastfûgel fan Hylke Speerstra is no klear

Mear as 6 oeren lang wurde jo meinommen troch de skriuwer yn dit dramatyske ferhaal fan twa famyljes, dat de hiele foarige ieu beslacht. Foar mear ynformaasje sjoch de side fan it harkboek.

Trije nije harkboeken online by Luisterrijk:

Grimm De moaiste mearkesTreastfugel Hylke Speerstra See, see de wide see Seminar 2013

 

Tryntsje van der Veer op besite by DAT AudiofryskLiterêr Sirkwy op Tsjerkebuorren yu Easterwierrum

Hjir noch in byld fan de besite fan Tryntsje van der Veer oan DAT tekstbureau. It wie waarm, dy earste dei fan de kuieralvestêdetocht. Dat soe fierderop yn de wike al oars wurde.

Sjoch hjir foar it ferslach fan it Literêr Sirkwy, dêr't Tryntsje foar op stap wie.

Mei in haikû naam hja ôfskie:

 

 


reizgje yn tinzen

fiere tochten al ôflein

stiloan no lichter

 

Boekenbon

Boekebon

is no ek yn te leverjen by Luisterrijk


Jo kinne jo boekebon no ek brûke om in audioboek del te laden by Luisterrijk. Keapje it boek en folje gewoan de koade fan it boekepaske yn. Sa wurdt it bedrach ferrekkene.


 


Boeken fan Fryslan

 

Boekekisten by de skoallen lâns


Sûnt begjin dit jier hat BFF, Boeken Fan Fryslân, 16 boekekisten mei berneboeken. De skoallen meie de kisten in pear wike hâlde en kinne de boeken oanskaffe. De earste resultaten binne hielendal net min. In protte skoallen keapje foar in moai bedrach berneboeken. Dit jildt sawol foar it basisûnderwiis as de middelbere skoallen.
Audiofrysk spilet hjir op yn troch yn de kisten in ynfo-blêd oer hoe't harkboeken yn de klasse tapast wurde kin, oan te bieden. Ek geane ús flyers no mei nei de skoallen.

It folsleine, Ingelsktalige artikel dêr't it ynfo-blêd op basearre is, stiet online. Ek it blêd sels is del te laden op de Edukaasje side.

 


Boeken fan Fryslan

 

49. Juana Fernándes Morales (1895-1979)

It wite hynder

Ik seach it strûzen, en sa snjiddich wie 't
as soe in wjokkepear it túch optille,
as wie 't gjin dier, mar waard it fan in stille
en suv're ingel mei omhegen fierd.

In fûnk, en skûm en snie; in treurich liet
teach my foarby, wylst dûnk're jûn fersille.
My bûn syn roas fêst oan de riem dy't trille
en widze yn 'e loft mei stjerren sierd.

Ik seach gjin ruter, seal of swipe flymjen;
inkeld it draven op de westerkimen;
gjin ljocht en gjin ûnthjit of hope mear.

Blank en apokalyptysk gyng 't syn wegen,
en aloan lichter foarme it omhegen
mei izich fjoer in flikkerjende spear.

 

 

 

Alle nijsbrieven in oar Spaansk gedicht:

It wite hynder

fan Juana Fernándes Morales (1895-1979)

oerset en ynlêzen troch Klaas Bruinsma

   
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011