Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Simmer yn Fryslân. Groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

11 augustus 2013

Audiofrysk Nijsbrief

Yn it teken fan Boldgrim


 

De Reade Bwarre is klear!
Alle 500 bledsiden binne ynlêzen troch Durk Hibma, dat de grutte roman fan Trinus Riemersma is no as harkboek te keap.
Yn it boek binne de trije ferhaallinen op fernimstige wize yninoar frissele. De gerniersfamylje Bosma, bynamme de Modderklauwers, de Bwarristen dy't de lear fan de reade boarre Boldgrim folgje, en it jonkje Tilly, it alter ego fan de skriuwer, blike op ûnferwachte punten byinoar te kommen. Ien foarbyldsje: As de skriuwer foar in petear oer de subsydzje foar syn útjefte by de provinsje komt, blykt de amtner út de famylje fan de Modderklauwers te kommen:

"... en doe gie de doar op en stie ik foar drs. E. Bosma, provinsjaal subsydzjeôfwizer. En ferdomd, ik seach it fuortendaliks, deselde harsens, in rasechte Modderklauwer ..."

(Lykwols, it boek hat destiids dochs provinsjale subsydzje krigen..., lykas de auditive ferzje no.)


 

Trinus Riemersma De Reade Bwarre as mp3-cd Trinus Riemersma De Reade Bwarre as mp3-cd

NIJ: De Reade Bwarre as mp3-cd

It folsleine harkboek beslacht omtrint 26 oeren.
No't de measte cd-spilers goed oerwei kinnen mei mp3-cd's, is dizze roman in goede gelegenheid om dat medium te brûken. It hiele audiobestân past dan op 2 cd's. Troch it yn dit formaat út te bringen besparje wy in protte materiaal en hege ferstjoerkosten, en foar de harker is it handiger as al dy losse cd's.
Party minsken brûke tsjintwurdich ommers ek de dvd-spiler om har muzyk of oare audio te hearren, en dvd-spilers kinne prima oerwei mei de mp3-cd's. Foardiel is ek dat yn it skermke de titel fan it haadstik komt te stean.
De Reade Bwarre op mp3-cd hat as bestelnûmer AF-FC28 en kostet 20 euro.



 

De Reade Bwarre op 20 cd'sTrije dielen - 20 cd's

As jo dochs leaver de 'gewoane' audio-cd's hawwe, is dat fansels mooglik. Jo krije dan trije dielen mei yn totaal 20 cd's, bestelnûmer AF-F28, en de priis is 39 euro. By it ferstjoeren is de porto ek wat heger, omdat it as pakje op de bus moat.

 

Dellade by Luisterrijk, de downloadshop

En by Luisterrijk

Útsoarte is De Reade Bwarre fansels del te laden by Luisterrijk. De priis is dan € 19,50.
Ha jo in iPhone of iPad, lês dan earst de ynstruksje hoe't it harkboek mei help fan de app 'Download Manager Lite - Universal Downloader & Player' maklik beset wurde kin.

Dellade by Luisterrijk, de downloadshop
De Mjitte

Goedkeaper op mp3

It leit yn de bedoeling om mear harkboeken as mp3-cd út te bringen, lykas De mjitte fan Koos Tiemersma, It ferset fan Harmen Wind en De Treastfûgel fan Hylke Speerstra.

De Treastfûgel fan Hylke Speerstra

 

26. Rosalía de Castro (1837-1885) fan Galicia

De loft is gleon fan hjitte
de foks ferkent de iensum stille wei;
ûnheilsum effen leit
't kristallen wetter fan de kleare wjittering;
de spjirre bidet roerleas
de wiffe peaen fan in lije wyn.
In mânske stilte drukt swier op it lânskip del;
allinne it gûnzjen fan 't ynsekt wurdt heard
yn de ûnbidige en dampe skaden,
oanienwei en ientoanich
allyk it domp gerochel fan de dea.

Mei rjocht koe men de oere fan de middei
yn 't simmerskoft beneame
as nacht, wêryn de minske, wurch fan 't wrakseljen,
mear as ea nytge wurdt
fan de geweldige macht fan d' ierdske stof
en fan de ûneinige eangsten fan ûe siel.
Kom wer, jim nachten fan de kâlde winter,
ús âlde leafd' út dagen fan alear!
Kom mei jim froast en wredens doch werom,
ferfris it bloed dat no tesinge is
troch dizz' ûndraachlike en tryste simmer.
Tryst! Fol fan druveranken en fan ieren.

Is 't kjeld of hjitte, hjerstmis of de maitiid
wêrsanne is de blide fleur te finen?
De tiden binne allegearre moai
foar wa't it lok behoedet yn himsels,
mar foar de siel dy't bûk' is en ferweesd,
is der gjin tiid, dy't blier is of goedgeunstich.


 

 

 

Alle nijsbrieven in oar Spaansk gedicht.

Dit kear foar as it wer waarm wurdt:

De loft is gleon fan hjitte fan

Rosalía de Castro (1837-1885) fan Galicia

oerset en ynlêzen troch Klaas Bruinsma

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

juny 2024

maart 2024

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011