Simmer yn Fryslân. Groetnis, Jan en Marja Schotanus |
||||
![]() |
nijsbrief 6 septimber 2013 |
|||
13 sept. De Moanne fan it Fryske Boek 13 okt. |
||||
|
Moanne fan it Fryske Boek Foar mear ynformaasje oer it kadoboek sjoch de site fan de Moanne fan it Fryske Boek. |
|||
Jorwerter Iepenloftspul De kloklieder fan Nij Daam is in grut súkses Mei it prachtige waar, de prima resinsje fan Gurbe Dijkstra yn de LC en benammen de entûsjaste reaksjes fan it publyk, rint de kaartferkeap as it spoar. Om alle toanielleafhawwers yn de gelegenheid te stellen de foarstelling noch te sjen, is op tiisdei 17 septimber in ekstra foarstelling pland. Foar sommige oare jûnen binne ek noch in pear kaarten beskikber. Sjoch foar de details op IepenloftspulJorwert.nl. Op de foto Lieuwe Tolsma as dûmny Theo yn syn wente yn de toer. (Foto: Guus van de Sande) |
||||
Studio Súdwest Snein 8 septimber begjint op StudioSúdwest, de lokale omrop fan it súdwesten fan Fryslân, in nije rige mei ferhalen fan Audiofrysk. Hans Bouwsma begjint mei Sjoerd Bottema syn De Lyklematapes, út de bondel It piipjen fan de proai. Dit wurdt ôfwiksele mei koarte ferhalen fan Wieke de Haan út Optriuwe en ôfbliuwe en Ophysje en delbêdzje. De útstjoerings binne moarns fan 8 oant 9 oere. |
||||
Fryske Skriuwerskalinder 2014
De Skriuwerskalinder foar 2014 is klear. En it is in pronkje! Hiel bysûnder is dat it tema ek moai oanslút by it feit dat 100 jier lyn Dam Jaarsma berne waard, folksferhalensamler by útstek. Los jildt de kalinder € 7,50. Mar yn de Moanne fan it Fryske Boek - fan 13 septimber oant en mei 13 oktober - is de ferkeappriis € 5,00 by oankeap fan € 10,- oan Fryske boeken. |
||||
By útjouwerij Wijdemeer ferskynt op 13 septimber it boek Lytse Daan de wrâldkampioen, oersetten troch Jan Schotanus. It is dan ek in gearwurkingsprojekt fan Wijdemeer en DAT tekstbureau. Wa wit bringt Audiofrysk skylk in audioboek fan dit prachtige ferhaal út.
Mei in protte leafde en niget tekenet Dahl it libben yn de plattelânsmienskip fan de 70-er jierren yn it Ingelân, dêr't de tsjinstellings tusken de ferskillende klassen yn de mienskip noch lang net allegearre oersljochte binne.
Nei Jappy en it Sûkeladefabryk, en Jappy en de Grutte Glêzen Lift, is dit it tredde boek fan Roald Dahl, dat yn it Frysk oersetten is. |
||||
![]() |
Downloads by Luisterrijk bliuwend yn priis ferlege. |
![]() |
||
Foaroankundiging: Boekemerk 12 oktober
|
||||
|
||||
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465 |
Ofmelde foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven