Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

7 novimber 2013

Audiofrysk Nijsbrief

Boek fan de Moanne: De Kâlde Krústocht yn de oanbieding

Boeken fan Fryslân

Boek fan de moanne

Boek fan de Moanne

In nij fenomeen yn boekelân: It Boek fan de Moanne.
De stichting Boeken fan Fryslân, BfF, hat it inisjatyf nommen ta it útbringen fan ekstra promoasjemateriaal om ien boek hinne, alle moannen wer.
De earste kear wie Rêdbâd, fan Willem Schoorstra. Dat boek wie keazen omdat it tagelyk de moanne fan de skiednis wie.
It twadde, dat fan novimber, is Hylke Speerstra syn ferhalebondel De Kâlde Krústocht. It papieren boek is by de boekhannel yn de oanbieding foar 15 euro, en it harkboek kostet de hiele moanne novimber ek mar 15 euro, as jo it op cd keapje.

Foar mear ynformaasje sjoch de website fan it Boek fan de moanne, en de flyer, dy't derby makke is.


Kalde Krústocht

 

 
Kroade Kroade-aksje
In ploechje skriuwers hat in minisutelaksje op tou set om te sjen, oft it oan de doar ferkeapjen noch wurket. Sneon 9 novimber fan 10 oere ôf wurdt der sutele yn Bitgummole, Bitgum en Ingelum. 27 skriuwers ha har spontaan opjûn om mei de kroade ûnderweis te gean. Yn it foar binne flyers en in bestellist fan de beskikbere boeken by de huzen lâns brocht.
Fansels docht Audiofrysk fan herte mei oan dit inisjatyf. wy sille sjen wat it opsmyt sneon, en foaral, hoe't dit in ferfolch kriget.
Kroade
 

Tyskerblues 2013

Behalve nei moaie boeken harkje wy by Audiofrysk ek graach nei blues. Fandêr dat wy sponsor (en mei-organisator) binne fan Tyskerblues yn it doarpshûs fan Easterwierrum.
Tagong fergees!

 

TyskerbluesTyskerblues

Dellade by Luisterrijk, de downloadshop

Downloads by Luisterrijk bliuwend yn priis ferlege.

Keapje no in harkboek fia de downloadshop, ideaal foar op de iPad op in oare tablet.

Dellade by Luisterrijk, de downloadshop

 

8. Juan de Arguijo (1565-1623)

Stoarm en stilte

'k Seach fan de reade sinne 't helder ljocht
yn ûnstjoer toaljen; tel ferdwûn oerstjoer
har blier gesicht; rûnom ferdonkere njoer
de loft ta 't heislik swart fan neare nacht.

De stoarmske súdwyn raasd' yn grime macht;
syn woede boaze oan, de stoarm waard poer,
en heech op Atlas' skouders skokt' oerstjoer
d' Olimpus dy't fan skrik de tonger slacht.

Mar letter seach ik skuord de swarte wiele,
teropp' yn wetter, en de dei sa klear,
kaam wer ta 't earste ljocht en blierke bril.

De loft wie sierd fannijs mei swide strielen.
Ik seach 't en sei: "Wa wit oft sok in kear
yn 't lot ek ienris komme sil?"

 

 

Alle nijsbrieven in oar Spaansk gedicht.

Dizze kear Stoarm en stilte, fan Juan de Arguijo (1565-1623), oerset en ynlêzen troch Klaas Bruinsma.

Op de dellaadside kinne jo it hearre.

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

juny 2024

maart 2024

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011