Groetnis, Jan en Marja Schotanus |
||||
![]() |
nijsbrief 21 jannewaris 2014 |
|||
![]() |
Yn de Nationale Voorleesdagen 2014 stelt Audiofrysk twa jeugdsearjes fergees beskikber as harkboek. Alle bern dy't Frysk fersteane, kinne sa gratis yn de kunde komme mei de spannende aventoeren fan Mentha Minnema en de bern, dy't har dêrby helpe. Ek de seis boeken fan De
Traveliers, in moderne searje dy't yn Australië, Yslân,
Amearika, Finlân, Skotlân of de Karaïben spilet. Kom ek yn de kunde mei it fenomeen harkboek en lit jo (bern) foarlêze. De lústerboeken binne prima ôf te harkjen op in iPad of oare tablet, op in mp3-spiler of mobile telefoan. Gjin gedoch mei DRM, der sit in digitale hantekening yn om yllegale fersprieding tsjin te gean, mar it ôfspyljen sa maklik mooglik te meitsjen. |
![]() |
||
![]() |
![]() |
|||
![]() |
![]() |
|||
Nij doek foar boppe de hage It wurk fan DAT tekstbureau giet stikemwei troch, mar de fokus komt hieltyd mear te lizzen op de harkboeken. No't it ferneamde nammedoek fan Tsjerkebuorren oan ferfanging ta wie, ha wy besletten om de namme fan de útjouwerij tenei wapperje te litten. Sjoch hjir it ontwerp, oare kear in lokaasjefoto. |
|
|||
Boek fan de Moanne: Kompleten, fan Marga Claus |
||||
Boek fan de Moanne In nij fenomeen yn it Fryske boekelân: It Boek fan de Moanne. Foar mear ynformaasje sjoch de website fan it Boek fan de moanne, en de flyer dy't derby makke is. Besjoch ek de nijsgjirrige filmkes, dy't oer de auteurs makke binne:
|
![]() |
|||
![]() |
Downloads by Luisterrijk bliuwend yn priis ferlege. Keapje no in harkboek fia de downloadshop, ideaal foar op de iPad of in oare tablet. |
![]() |
||
|
||||
Kontakt Audiofrysk: Tel. 058 - 2501465 |
Ofmelde
foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven