Groetnis, Jan en Marja Schotanus |
 |
nijsbrief
27 maart 2014 |
|
Regaad 
presintearret
Fryske horrortour
mei
Ferhalen fan Douwe Kootstra, Willem Schoorstra, Geart Tigchelaar &
Henk Wolf en
Muzyk fan Ljoubjr
+ Boekpresintaasje 'De skacht en de slinger' fan Edgar Allan Poe
Wannear en wêr?
Sneon 5 april
De Tysker - Easterwierrum
Freed 18 april
Ons huis - Bitgum
Freed 25 april
Zero - Dokkum
Sneon 17 maaie
Kiehool - Burgum
Oanfang: 20.30 oere / tagong: € 5,-
Audiofrysk stipet dizze toer.
Wa wit komt der ek noch in audio-útjefte mei de ferhalen fan de jûn...
In moaie gelegenheid om it doarpshûs fan Easterwierrum ris te besjen!
|

|
Protters
Audiofrysk en Elikser besykje dit jier in rige werûtjeften fan Fryske berneboeken út te bringen dêr't bern en âlden har op abonnearje kinne. It giet om útjeften op papier en as e-book. It soe moai wêze om se ek as harkboek beskikber te stellen.
Fan de earste fjouwer:
Riemkje Hoogland - Mentha Minnema en it keldermystearje
Jan Schotanus - Mentha Minnema en it smokkelmystearje
Jelle Bangma - Keatse foar de krânse
Anny de Jong - It is foar de hearen
binne de beide Mentha Minnemadetektives al ynlêzen.
De oare beide steane op nominaasje om ek as lústerboek te ferskinen.
|

|
Op kommende wei: Tin iis
As alles meiwierret, komt yn maaie in bysûnder harkboek út: Tin iis fan Tiny Mulder.
Dizze roman út 1981 nimt in unyk plak yn yn de Fryske literatuer. De puber Klaske Jagersma, in helder famke mei in skerp each, besiket te beskriuwen hokker ynfloed it ynheljen fan in joadsk ûnderdûkerke, folge troch it mear en mear behelle wurden yn fersetsaktiviteiten, hân hat op har libben en dat fan de oare Jagersma's.
It ynlêzen is moai op gleed.
|
 |
Ynternasjonale dei fan it berneboek
Woansdei 2 april, op de bertedei fan Hans Christian Andersen, wurdt rûnom op de wrâld de Ynternasjonale dei fan it berneboek fierd.
Ta gelegenheid dêrfan hat de Ierske seksje fan IBBY, de International Board on Books for Young people, in brief oan de bern skriuwe litten.
De hiele tekst fine jo op ús website.
It is in moaie gelegenheid om ris ien fan de berneboeken fan Audiofrysk te probearjen.
|

Âlde Meuk
Dit jier wurde de Sirkwy-lêzingen holden yn de Skierstins fan Feanwâlden en wol op sneon 12 april, de middeis om 14 oere.
Dizze rige lêzings is oarspronklik opset troch Audiofrysk, om mear harkboeken mei non-fiksje te krijen. Wilens is de organisaasje yn fertroude hannen fan in kollektyf, dêr't Tresoar yn gearwurket mei in stikmannich lytse selsstannige ûndernimmers en de bibleteekservice Fryslân.
Tema dit jier is Âlde Meuk, in geuzenamme foar de literatuer dy't yn Ten books from Fryslân beskreaun stiet.
De trije lêzingen geane oer it tema 'klassikers' -
* wêrom komt it âlde hieltyd werom?
* wa betinkt de literêre proazakanon?
* de Frankfurt-seleksje út 10 Books from Friesland: in miste kâns?
Audiofrysk hat fan de trije eardere edysjes nijsgjirrige harkboeken útbrocht, dy't soms sels brûkt wurde by de stúdzje. Bestel se hjir of laad se del by Luisterrijk.
It giet om AF-D02 Tromp e.o. - Sirkwyseminar 2010-11,
AF-D04 Looijenga e.o. - Literêre 4stêdetocht (2012) en
AF-D10 Schroor e.o. - See, see do wide see (2013) Mear ynformaasje sjoch ek de website fan Sirkwy. |



|
 |
Downloads by Luisterrijk
bliuwend yn priis ferlege.
Fan 'e wike krige ik noch de fraach, oft Audiofrysk ek wat foar de mobyl of iPod hie. Wel, alle harkboeken binne dêr poergeskikt foar. Keapje se fia de downloadshop, ideaal foar
op de iPad of in oare tablet. Ek op Android te brûken! |
 |
29. Miguel de Unamuno (1864-1936)
O dreamen
O dreamen, jim dy't fersonken,
teraand yn de dage al ier!
O wrâlden, jim dy't ferdronken
yn d' ôfgrûnen fan de siel!
O seeën, dy't lizze te sliepen
sa djip op 'e grûn fan de weagen!
O himels, mei stjerren fersiere,
yn de skatkiste fan myn eagen!
O ivichheid dy't my ûntflechtet
yn it amerij dat fergiet!
O myn oare ferlerne libben, |
Alle nijsbrieven in oar Spaansk gedicht.
Hjirre: O dreamen , fan Miguel de Unamuno (1864-1936), oerset
en ynlêzen troch Klaas Bruinsma.
Op de dellaadside
kinne jo it hearre. |
|
|
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465
boek@audiofrysk.nl
|
Audiofrysk
is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum |
Ofmelde
foar de nijsbrief |