Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Groetnis, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

28 april 2014

Audiofrysk Nijsbrief

Nijste titel Audiofrysk
Fryske Horror?

Ferhalen fan de Fryske Horrortour 2014, organisearre troch útjouwerij Regaad:
Grins Bernlef, Easterwierrum de Tysker, Bitgummole Ons Huis, Dokkum Zero, Burgum Kiehool.
Audiofrysk hat live-opnamen makke op de jûnen yn Easterwierrum en Bitgummole.
Op de cd steane 6 ferhalen fan 4 auteurs/fertellers en 2 fragminten fan de oersetting fan De skacht en de slinger fan E.A. Poe.

Douwe Kootstra bringt in huveringwekkende stoarje út de Wâlden, dy't him oan en by de Goddeleaze Singel ôfspilet, by wat no Noardburgum hyt.
Willem Schoorstra skreau it ferhaal Chill, dêr't it op in horribele wize misgiet. Gjin ferhaal om koart foar in jûntsje stappen te hearren.
Aant Jelle Soepboer makke spesjaal foar dizze toernee it spannende ferhaal oer It kopke en de klok.
Yn Syltocht fan Geart Tigchelaar giet de heit foar de lêste kear mei syn dochter op fakânsje. Foar de lêste kear?
Urbex binne urban explorers, lju dy't mei fotokamera deropút geane om foto's yn ferlitten gebouwen te sjitten. Yn Sonnenborgh ha eartiids de kranksinnigen sitten. Of sitte dy der noch? Willem Schoorstra nimt jo mei ûnder de grûn.
It twadde folksferhaal fan Douwe Kootstra spilet him ôf yn Selkirk, in lyts Skotsk stedsje, dêr't de skuonlapper alles wit, oant er syn master fynt.

Oan it begjin en oan de ein lêst Anne Tjerk Popkema twa fragminten fan it troch him oersetten De skacht en de slinger fan Edgar Allen Poe.
As jo it harkboek as dellaad keapje by Luisterrijk, krije jo as bonus twa skôgings oer it fenomeen horror en fertalen fan Willem Schoorstra en Henk Wolf derop ta.

Foar mear ynformaasje oer de Horrortour sjoch it nijs fan Audiofrysk

Tin iis is klear Tin iis, ferhalen oer it ferset en de oarloch

Ferhalen oer de Dútske besetting (1940-1945) bliuwe almeast by anekdoates. Dêr is lykwols noch de helte net mei sein. Wichtiger is hoe't minsken har hâlde en drage ûnder druk, hoe't se reagearje as der in berop dien wurdt op har geastkrêft en hoe't se it ferwurkje as se komme te stean foar de gefolgen as se 'ja' sein hawwe op dat berop.

Yn dit boek besiket de puber Klaske Jagersma, in helder famke mei kritysk each, te beskriuwen hokker ynfloed it ynheljen fan in joadsk ûnderdûkerke, folge troch it mear en mear behelle wurden yn fersetsaktiviteiten, hân hat op harsels en de oare Jagersma's. Se beskriuwt ek it gedrach fan oare minsken yn en bûten it ferset yn de bûtenwenstige omstannichheden. Se sparret har krityk net, as se dêr oanlieding ta sjocht. Sels fernimt se, hoe hurdhandich se folwoeksen wurdt troch de oarloch.
De befrijing pakt de Jagersma's nochris hurd oan.

De persoanen yn dit boek steane model foar ferskeidene Friezen tusken hjerst 1942 en simmer 1945.

Dit harkboek is ynlêzen troch Geartsje de Vries.

8 audiocd's: isbn 978-94-6038-088-4, bestelnr AF-K10
2 mp3-cd's: isbn 978-94-6038-089-1, bestelnr AF-KC10

Beide nije harkboeken binne meikoarten ek te keap by Luisterrijk.nl.

Twa jonge skriuwers op it balkon fan de SkriuwersarkeNije skriuwers yn de Skriuwersarke

Freed 25 april is it nije seizoen fan de Skriuwersarke yn De Veenhoop iepene. Twa jonge skriuwers wiene oanwêzich om har plannen iepen te lizzen: Meindert Reitsma wol û.o. oan in berneboek wurkje en André Looijenga hopet in moderne roman op te setten.
As it meiwierret kin der dus wer wat ferwachte wurde fan dit ynspirearjende stee.
André Looijenga hat earder û.o. in essay oer literatuer yn lytse talen skreaun, dat er op it Sirkwy-sympoasium fan 2012 oer de fuotljochten brocht hat.
Foar mear ynformaasje sjoch syn side by Audiofrysk.
Foto LC

Dellade by Luisterrijk, de downloadshop

Downloads by Luisterrijk bliuwend yn priis ferlege.

Alle harkboeken binne poergeskikt foar iPod, tablet of smartphone. Keapje se fia de downloadshop, ideaal foar op de iPad of in oare tablet. Ek op Android te brûken!

Dellade by Luisterrijk, de downloadshop
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011