Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Profitearje fan de Week van het Luisterboek, Jan en Marja Schotanus

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

21 maaie 2014

Audiofrysk Nijsbrief

Week van het Luisterboek - Wike fan it harkboekWeek van het luisterboek 2014

Fan 19 oant 25 maaie organisearje de boekhannels, bibleteken en webwinkels yn gearwurking mei de CPNB De week van het Luisterboek. Der is folop foardiel te heljen en ek krije jo by oankeap foar minstens 9,95 it lústergeskink kado.

Aksjelústerboek
It spesjaal foar dizze wike skreaune harkboek Liever horen wij onszelf, fan Renate Dorrestein, krije jo fergees derby as jo foar minstens 9,95 oan harkboeken keapje. By Luisterrijk wurdt it automatysk tafoege oan jo bestelling. Ek by oankeap fan Fryske harkboeken jildt dizze oanbieding!

Yn Liever horen we onszelf fertelt Renate Dorrestein in leafdesferhaal fol ûnferwachte ûntwikkelings. In ferhaal oer dreamen en oer wat wy ús sels wiismeitsje - omdat wy somtiden net oars kinne. Sjoch hjir ek it ynterview mei de skriuwster.

Tin iis mp3Tin iis ek as mp3-cd beskikber

Dit harkboek, ynlêzen troch Geartsje de Vries is yn twa formaten beskikber yn de boekhannel en de webshop fan Audiofrysk.

8 audiocd's: isbn 978-94-6038-088-4, bestelnr AF-K10
2 mp3-cd's: isbn 978-94-6038-089-1, bestelnr AF-KC10

Dit nije harkboek is no ek te keap by Luisterrijk.nl.

It boek oer de reis fan Kolumbus Wrâldnijs dat oan Audiofrysk rekket:
It wrak fan de Santa Maria
De lokaasje fan it skip fan Kolumbus liket bekend te wêzen. Fan de trije skippen, dy't ûnder syn lieding útfearen om in koarter paad nei Ynje te finen, is ien net weromkommen. De Santa Maria fergie yn 1492, mar wêr't it dan op de seeboaiem lei, dat wie ieuwenlang in grut riedsel.
No wol it tafal dat krekt yn 2003, doe't ik mei De ûnmooglike reis fan de Santa Maria oan de gong wie, de earste spoaren boppe wetter kamen. Dat blykt achterôf echt sa te wêzen, mar doe woene argeologen it eins net leauwe.
Ferline wike kaam it berjocht fan de argeolooch Barry Clifford, dat it wrak yn de see by Haïti wol deeglik dat fan it memmeskip fan Kolumbus wie.

It harkboek fertelt it ferhaal fan de reis, sjoen troch de eagen fan de skipsjonge Beart mei syn tamme rôt.
Sjoch hjir it artikel út de Ljouwerter Krante fan 14 maaie 2014.

 

Op kommendeweiSeminar4

It harkboek fan it Sirkwysympoasium 2014, dat ûnder de namme Âlde meuk? oanpriizge waard. De titel fan it harkboek is wurden: Klassikers yn de (Fryske) literatuer.

It is it fjirde sympoasium yn de rige dy't yn 2010 opstarten is op inisjatyf fan Audiofrysk.

Cd 1 Friduwih Riemersma - Tiids tosk vs ikonoklasme
Oer de rol fan klassikers yn ús kulturele libben
Tryntsje van der Steege - Klassikers en de kanon
Oer it foarmjen fan in Fryske proazakanon nei 1945

Cd 2 Eric Hoekstra - Ranking the Classics
Fjouwer Fryske klassiken hifke

It wie in nijsgjirrich sympoasium yn in rige, dy't sa njonkelytsen in hiel eigen plak krigen hat yn it Fryske literêre jier.
It harkboek is omtrint klear, ynkoarten ek by Luisterrijk.

Sjoch ek it nijs fan Audiofrysk.

Dellade by Luisterrijk, de downloadshop

Downloads by Luisterrijk bliuwend yn priis ferlege.

Alle harkboeken binne poergeskikt foar iPod, tablet of smartphone. Keapje se fia de downloadshop, ideaal foar op de iPad of in oare tablet. Ek op Android te brûken!

Dellade by Luisterrijk, de downloadshop
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011