Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Nasjonale Foarlêsdagen - Nationale Voorleesdagen

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

21 jannewaris 2015

Stjoer him ris troch nei in oar!

Audiofrysk Nijsbrief
Nationale Voorleesdagen 2015

 

Kwestje fan Quad

 

Nacht op it eilan

Audiofrysk-aksje by de
Nasjonale Foarlêsdagen

Yn de Nationale Voorleesdagen 2015 fan stelt Audiofrysk wer in kwartet berneboeken fergees beskikber as harkboek.
It giet yn 2015 om fjouwer al wat âldere boeken fan Jan Schotanus, dy't dizze wike fergees del te laden binne:


De kwestje fan Quad, in sciencefictionferhaal, dat sawol de skiednis as de takomst yn dûkt;


Nacht op it eilân, Paul en Eva belibje in spannende nacht op Skylge;


De swannen fan Hoxwier, in histoarysk ferhaal oer de state Hoxwier yn de Tachtichjierrige Oarloch en


De ûnmooglike reis fan de Santa Maria, wy reizgje mei Beart de skipsjonge mei op de reis fan Kolumbus om in nij paad te ûntdekken.

Kom no yn de kunde mei it fenomeen harkboek en lit jo (bern) foarlêze. De audioboeken binne prima ôf te harkjen op in iPad of oare tablet, op in mp3-spiler, iPod of mobile telefoan.

Gjin gedoch mei DRM, der sit in digitale hantekening yn om yllegale fersprieding tsjin te gean, mar it ôfspyljen sa maklik mooglik te meitsjen.

Dizze fjouwer wurken binne fergees del te laden by Luisterrijk. En dan sykje fia Talen > Fries.

De aksje rint fan 21 oant 31 jannewaris 2015.

 

 

De swannen fan Hoxwier

 

De ûnmooglike reis fan de Santa Maria

Tin iis fan Tiny Mulder

In harkboek nei in oar ferstjoere?

Wolle jo ien ferrasse mei in audioboek? Bestel it by audiofrysk en wy ferstjoere it foar jo nei de ûntfanger.

 

 

Blom

De Trans Sibearykse Spoarline

Lêzing oer Trans Sibearyske Spoarline

Op snein 11 jannewaris ha ik foar de Kulturele Kommisje fan De Tysker yn Easterwierrum in lêzing fersoarge fan twa kear in oere ûnder de titel:

Moskou - Mongolië - Beijing

It wie in slagge middei mei 50 beteljende besikers. De opbringst, 175 euro, wie dit kear bestimd foar de Tibet Support Groep.

Wa't belangstelling foar sa'n lêzingjûn/-middei hat, kin kontakt mei my opnimme.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Feroaring fan lucht

Studio Súdwest

Studio Súdwest stjoert op de sneinen fan dit fearnsjier moarns betiid de roman Feroaring fan Lucht fan Rink van der Velde út.


Dêrnjonken kinne jo ferhalen hearre út Fan Duveldrek nei Hoarnestreek.

Foar mear details sjoch Omroep Súdwest.

Fan Duveldrek nei Hoarnestreek
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011