Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Protters 2e searje

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

24 septimber 2015

 

Audiofrysk Nijsbrief

Protters searje 2

Protters twadde rige

Yn de kommende tiid geane de folders foar Protters 2 by de skoallen lâns.

De bern fan groep 7 en 8 krije dy mei nei hûs ta en kinne sels de boeken bestelle.
It giet om:
Mentha Minnema en it hûnemystearje - Anny de Jong
Gefaarlik spul foar Mentha Minnema - Anny de Jong, Riemkje Hoogland-Pitstra en Jan Schotanus
De skat fan jonker Jan - Lida Dijkstra
Keatse foar de krânse - Jelle Bangma

Út de suksesfolle Mentha Minnema-rige is dit jier keazen foar de seis spannende ferhalen yn Gefaarlik spul en foar de speurtocht nei de stabijhûntsjes dy't samar ferdwine yn It hûnemystearje.
De skat fan jonker Jan giet oer fjouwer bern dy't dy skat fine wolle om Sibom te helpen. Mar der binne mear kapers op de kust...

Keatse foar de krânse is it ferhaal fan Jelke dy't hiel graach in goede keatser wurde wol, mar dêr in hiele protte foar oer ha moat.

Foar mear ynformaasje sjoch: www.protters.nl

 

 

Seminar 5

 

Trije nije harkboeken

Yn maaie is it fiifde diel yn de rige Sirkwylêzingen útkommen:
Fryslân en de wrâld 2.0 ; Jonge Friezen mei kulturele ambysje
De lêzingerige is yn 2010 opsetten troch Audiofrysk en letter oernommen troch û.o. Tresoar.
De ôflevering fan dit jier stie yn it teken fan Douwe Kalma en syn betsjutting foar de Fryske literatuer en waard op 25 maart holden yn De Koperen Tuin.

Fierders twa berneboeken:
Keatse foar de krânse, fan Jelle Bangma
Jelke hâldt fan keatsen. Hy kin it goed, mar is ek bloedfanatyk! Gauris wint er de krânse, mar hy moat der wol hiel wat foar oer ha: in soad traine, gjin feestjes, betiid op bêd... Fan syn pake, ek in goede keatser, krijt er in pakje. Bringt dat gelok? Mei syn freonen hat Jelke faak sukses, mar hy wol mear! De Bûnspartij by de skoaljonges, en fansels de Freule! Mar Elske dan, en syn âlde maten? In moai ferhaal oer in jongesdream dy't útkomt. Ek foar famkes.

De skat fan jonker Jan, fan Lida Dykstra.
Tekla, Timen, Roas en Atse fine it ferskriklik dat jonker Sibe syn state ferkeapje moat. Mar Sibom - sa't elkenien de âlde jonker neamt - kin net oars: it dak lekt. Op de muorren groeit skimmel, de flierren sitte fol môge... Sibom kin it grut ûnderhâld fan Ealamastate net betelje.
Jan Hannes Hakbyl fan Walhalla-hotels wol de state graach keapje. Allinnich, dan wurdt it prachtige hûs wol ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in modern hotel. En de fiver en de bosk wurde in swimbad en in golfbaan!
Dat mei net trochgean, fine de fjouwer bern. Ealamastate moat bliuwe! As se it ferhaal oer de skat fan jonker Jan hearre, krije se in idee. Sy sille dy skat sykje en fan de opbringsten kin de state opknapt wurde.
Mar hoe fynst in skat? Wêr bestiet sa'n skat út? En it alder-belangrykste: hat jonker Jan eins wol écht in skat begroeven yn de tún fan Ealamastate? Of is it mar in leginde...?

 

 

 

 

 

Keatse foar de krânse

 

 

 

 

De skat fan jonker Jan 

 

Nacht op it eilān

Tante Tjits

Besite oan bibleteek fan It Hearrenfean
Woansdei 16 septimber wie ik te gast by Tjitske Dijkstra, dy't in berneboekeblog byhâldt as Tante Tjits: adres
Sy wie keazen as blog fan de moanne troch de bibleteken en sa koene trije skriuwers acte de présence jaan yn ferskillende bibleteken.
Sjoch foar in ferslach it blog.
Tjitske hat al in soad berneboeken besprutsen en se docht dat op in tige entûsjaste wize. Folgje har!

Traveliers

Kûgels foar Kant

 

Spaanse Poezij

Studio Súdwest

Parseberjocht Studio Súdwest

Vanaf 27 september wordt in 13 afleveringen het boek Kûgels foar Kant van de bekende Friese schrijver Sietse de Vries uitgezonden en kunt u meeleven met rechercheur Jurre Stapensea. Naast deze feuilleton, korte verhalen uit de bundel Skúnpútsersgúd van Anne Feddema, de Friese tegenhanger van Simon Carmiggelt, en eind goed al goed een selectie van Spaanse klassieke gedichten uit de Blomlêzing út de Spaanse poëzij vertaald door Klaas Bruinsma, omlijst door muziek.
Deze uitzendingen kunnen tot stand komen dankzij de medewerking van de schrijvers en de Friese luisterboekenuitgeverij Audiofrysk. 

De útstjoerings binne op sneintemoarn, fan 8 oant 9 oere.
Sjoch Studio Súdwest

 

Skunputsersgud
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

augustus 2024

juny 2024

maart 2024

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011