Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Tyskerblues

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

3 novimber 2015

 

Audiofrysk Nijsbrief

Protters twadde rige
Deinum

Protters yn Deinum

Unike presintaasje Protters 2-boeken

Wêr fine jo safolle berneboekeskriuwers byinoar? As je al har boeken byinoar optelle, komme je fier oer de hûndert...

Freedtemiddei 9 oktober waard op SWS Twaspan yn Deinum de twadde rige Protterboeken oanbean. En alle fiif skriuwers, Anny de Jong, Jelle Bangma, Lida Dykstra, Riemkje Hoogland-Pitstra en Jan Schotanus, wiene derby. Nei in koarte yntroduksje fan harren oeuvre wie it de beurt oan de bern om ynterviews ôf te nimmen. Wêr hellesto dyn ynspiraasje wei? En: Hoe lang dochst oer it skriuwen fan in boek, mar ek fragen as: Hoe hat it skriuwen dyn libben feroare? Wa is dyn grutte foarbyld, of: Mei wa soesto nochris in boek skriuwe wolle, as dat koe? It joech genôch stof ta praten.

Dêrnei koene de bern noch sjen, hoe't de protterboeken op in tablet of e-reader lêzen wurde kinne. (Alle skoallen dy't opjouwe dat se de boeken meijûn hawwe, krije de rige e-boeken fergees!) Boppedat binne de protterboeken as harkboek (lústerboek) te krijen. It foel noch net iens ta om de stimmen fan de foarlêzende skriuwers te werkennen.
Juf Meinalda fan groep 8 mocht de boeken foar dy groep yn ûntfangst nimme, juf Willeke fan groep 7 krige de searje fan ferline jier oanbean.
De twadde helte fan de middei fersoargen de skriuwers in program yn de ferskillende groepen, dat Twaspan siet oant kop en earen ta yn de (Fryske) berneliteratuer dizze freed.

Foar mear ynformaasje sjoch: www.protters.nl

Tyskerblues

Easterwierrum - The Juke Joints

snein 8 novimber 16.00 oere

Foar it fiifde jier Tyskerblues yn Easterwierrum
Wy pakke grut út mei The Juke Joints, bêste Nederlânske Blues Band fan 2012.
Dizze Sieuske bluesrockers sette al mear as 32(!) jier de ynternasjonale poadia yn fjoer en flam: sa ha se optreden yn ûnder mear Spanje, Noarwegen, Switserlân, Amearika, op it legindaryske Harvest Time Blues Festival yn Ierlân en as begeliedingsband foar toerende Amerikaanske grutheden as Eddie 'the Chief' Clearwater.
Dý mannen komme nei Easterwierrum. Sy meitsje mei har stomende enerzjy fan elts live-optreden in belevenis.
Mis dit net! Juke Jonits Tyskerblues

 

 

 

 

 

 

 

 

Entree fergees, seal iepen om 16.00 oere, de band spilet trije sets fan 16.30 oere ôf.

De skat fan jonker Jan

Luisterrijk komt mei app foar al har harkboeken. No noch makliker harkje nei Fryske audioboeken.

Hjir it berjocht fan Luisterrijk:
Met trots presenteren we onze nieuwe Luisterijk-app. Deze nieuwe versie is geschikt voor zowel iPhone als iPad. Bovendien kunnen meegeleverde bestanden (pdf, epub) ook worden gedownload binnen de app. Meer informatie vindt u op www.luisterrijk.nl/app.

Keatse fora de kranse

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011