Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Einum en Firalenpresintaasje

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

15 juny 2016

Audiofrysk Nijsbrief

Firalen diel 1 - CSG Liudger, Burgum

Firalen yn Burgum

 

Firalen

It skiekundelokaal as plak delikt

Op freed 3 juny wie der op CSG Liudger yn Burgum in spesjale Fryske les foar bern út de klassen 2 en 3. Fan tefoaren hiene se har al yn de matearje ferdjippe en no koe it earste eksimplaar fan it boek Firalen fan Kathy Reichs presintearre wurde.
Presintaasjeposter FiralenDe bern hiene in stikmannich prachtige posters ûntwurpen en dy fan Robert Wijminga wie as bêste útkeazen. Dy waard brûkt as basis foar de poster fan dit barren.

 

Yn in filmke fan in mislearre proef seagen wy hoe't de skiekundelearaar mysterieus ferdwûn, allinne de skuon stiene der noch.

Skuon Firalen

 

Yn dizze setting krige skriuwster Anny de Jong it earste eksimplaar oanbean. Sy is ommers in foarrinner yn dit sjenre, tink mar oan de boeken Spikergek en Apesturt. Spikergek wie klassikaal lêzen en ek it harkboek dêrfan brûkten se op Liudger.

Frou De Jong reagearre ferrast, en letter krigen wy noch dizze mail:
Ha goeie,
Ik kin der noch net oer út. Samar it earste eksemplaar fan de Firalen. (...) Ik bin der hartstikke wiis mei. Hertlike groet, Anny

Oersetter Geart Tigchelaar FiralenOersetter Geart Tigchelaar makket op de fyts in reis om de wrâld yn trije jier, dat dy wie fia in filmke oanwêzich.

Firalen is it earste diel fan in rige boeken foar jonge minsken. Diel 2, dat yn it Ingelsk Seizure hyt, wurdt fertaald troch Ytsje Hoekstra. Sy is drok oan de gong en brukte de gelegenheid om de bern om help te freegjen.
Hjir in nustje suggestjes foar útroppen:
Bok op! / Skyt omheech! / Myn reet! / Hoppa! / Fergemy! / Oehgoie! / Harrekrammele / Harrejasses / Tyf op jong! / Jasseskrastes / Optere! / Fok! / Blikje / Blikje Piebe!

Ytsje: De fetdrukten wiene noch nij foar my, dat wol sizze, se wiene my noch net as brûkber te binnen sjitten. Bok op! fûn ik sels de moaiste oant no ta.

Einum Koos TiemersmaEinum - Froon Akker

De Gysbert-winner is no ek as harkboek te krijen.

Tryntsje Finnema, de frou fan de skriuwer, hat it boek ynlêzen, mei útsûndering fan de fragminten oer it fûgeltsje, Seiuris Noveboracensis. Dy stikjes hat Tiemersma sels foar syn rekken nommen.
Nijsgjirrich is, dat ek it lûd fan it lytse wrâldreizgerke út en troch te hearren is. Sa is Einum ús earste harkboek mei bistelûden.

It binne 8 cd's wurden, of ien mp3-cd, mar it is fansels ek as download te keap by Luisterrijk en yn de app fan Luisterrijk te beharkjen.

 

 

Audiofrysk belutsen by de Slachtemaraton 2016

Stekje Buordsje Slachte Easterwierrum

By de Slachte lâns binne op seis plakken #stekjes pleatst, dêr't ferhalen, byldzjende keunst en lânskip byinoar komme.
Hjir sjogge jo it stekje fan Easterwierrum, dêr't je noflik sitte kinne ûnder it weitsjend each fan it ikoanyske hynstetyskershynder.

Stekje1 Jan Altenburg en Jan Schotanus

Jan Altenburg en Jan Schotanus

De ferhalen binne te beharkjen op www.slachtemarathon.frl/stekjes.

Noch oant en mei 19 juny by Luisterrijk:

Spannenede weken - Geschenk

Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

augustus 2024

juny 2024

maart 2024

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011