Berneboekewike

Ek yn harkboekelân is it Berneboekewike. Tidens de Kinderboekenweek fan 5 - 16 oktober
krije jo by oankeap fan minstens € 10 oan berne(lúster)boeken it geskink der fergees by as dellaadlink. It wurket hiel simpel, sjoch de site fan Luisterrijk foar mear details.
Yn de boekwinkel krije jo it Kinderboekenweekgeschenk Oorlog en vriendschap fan Dolf Verroen fergees by oankeap fan berneboeken ta in wearde fan minstens tsien euro.
Tink ris oan Firalen, fan Kathy Reichs, oersetten troch Geart Tigchelaar en prachtich ynlêzen troch Geartsje de Vries. Of in berneboek út de Traveliersrige.
  
|
Ferhalen fan Koos Tiemersma
Noch net as harkboek, mar wa wit wat komme kin.
Nijsgjirrich is it eksperimint mei de Net goed-jild werom-garânsje.
Sechstjin ferhalen dy’t mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel ‘Ik bedoel mar!’ yn in nutedop.
It binne ferhalen dêr’t minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy’t it bestean yn ’t fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy’t, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt.
De ferhalen litte sjen hoe’t it bestean bytiden fan tafallichheden oanelkoar hinget, wêrby’t it oan de personaazjes yn dit boek is om in oplossing te finen. De toan yn de ferhalen is licht holden, humor en earnst geane hân yn hân, krekt sa’t it yn it ‘echte’ libben ek gean kin. Der is noch wat oars út it echte libben oerwaaid nei dit boek: it hat in garânsjeregeling! Achter yn it boek binne de lytse letterkes te finen.
Wol fan Koos Tiemersma as harkboek:
 
|