Sweltsjes - Sis Tsiis - Firalen |
||
nijsbrief 16 desimber 2016 |
||
Ûnder de titel Sis Tsiis komme wy yn aksje om it Fryske ûnderwiis better op de kaart te krijen. It wurdt de heechste tiid om de al sa lang ferplichte Fryske lessen werklik ynhâld te jaan. It materiaal is der (al moat der noch folle mear by), der binne toetsen ûntwikkele en alle ûndersyk wiist út dat meartaligens grutte foardielen hat foar de measte learlingen.
|
||
Nije lêsboeken: Sweltsjes Yn de jierren 90 fan de foarige iuw binne der in stikmannich lêsboekjes foar begjinnende lêzers skreaun, dy’t bekend steane ûnder de titel fan ien fan de earsten: Poef de boef. Der binne yn totaal 13 skreaun, mar de lêste 10 jier is der net mear wat nijs ferskynd foar dizze doelgroep. De bern dy’t troch de Nederlânsktalige lêsmetoades it technysk lêzen behearskje en ‘lêshonger’ krigen hawwe, kinne mei inkele oanwizings ek frij flot Frysk lêze. Mar dan komt it probleem: der is niks te kiezen. Audiofrysk hat no de foarstap nommen en jou in rige fan seis nije berneboeken út. De lêsboekjes sille moai yllustrearre wurde troch profesjonele tekeners. De boekjes wurde útfierd mei in hurd kaft, sadat se bylkje kinne mei Nederlânske lêssearjes sa’t dy troch lanlike útjouwers as Kluitman, Zwijssen en oaren rynsk produsearre wurde. Yn april 2017 ferskine: Lida Dykstra: Ridder Jet Maaike van den Akker, E3
Fansels slute wy ús dus graach oan by de aksje Sis Tsiis! |
||
Oanfal - Kathy Reichs, oersetting Ytsje Hoekstra Yn it begjin fan dit jier hat Audiofrysk it harkboek Firalen fan de populêre Amerikaanske skriuwster Kathy Reichs útbrocht, prachtich ynlêzen troch Geartsje de Vries. Oanfal skylk ek as harkboek?
|
||
Nijgjirrige nijsbrief? Stjoer him dan in kear troch nei kunde, famylje en freonen. Wa wit ha dy ek belangstelling. Jo kinne ek allinne dizze link: http://www.audiofrysk.nl/Nijsbrieven.php maile. Tige tank! |
||
Kontakt Audiofrysk: Tel. 058 - 2501465 |
Ofmelde
foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven