Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Sweltsjerige

Audiofrysk Nijsbrief

nijsbrief

maaie 2017

Audiofrysk Nijsbrief

De Sweltsjerige is ferskynd

Sweltsjerige Maklike boeken foar begjinnende lêzers

Nije berneboeken Logo Sweltsjes rige lêsboekem

Foar it earst yn syn bestean bringt Audiofrysk papieren boeken op de merk. En dan daliks ek mar seis tagelyk.
Foar begjinnende lêzers binne der sadwaande seis Fryske boeken om te oefenjen op it lêzen. De rige biedt in prachtich ferskaat: humor, ûntroering, spanning...
De Sweltsjes binne ryk yllustrearre en folslein yn kleur printe. It hurde kaft soarget foar in stevich boekje dat lang lêswille jaan sil.

De Sweltsjeboeken binne op nivo AVI-Frysk E3, M4 en E4 en bedoeld foar bern dy’t de earste begjinsels fan it lêzen krekt ferovere hawwe. Ek wat âldere bern sille se mei in protte nocht lêze. Boppedat binne se poergeskikt om foar te lêzen.

Wêrom dizze nije rige?

Yn de jierren 90 fan de foarige iuw binne der in stikmannich lêsboekjes foar begjinnende lêzers skreaun, dy’t bekend steane ûnder de titel fan ien fan de earsten: Poef de boef. Yn totaal wiene der 13, mar de lêste 10 jier is der net mear wat nijs ferskynd foar dizze doelgroep.

De bern dy’t troch de Nederlânsktalige lêsmetoades it technysk lêzen behearskje en ‘lêshonger’ krigen hawwe, kinne mei inkele oanwizings ek frij flot Frysk lêze.
Foar harren is dizze rige skreaun. Boartsjendewei leare se in protte nije Fryske wurden en de tekeningen helpe har dêr by.

Foar mear ynformaasje sjoch de side fan de Sweltsjerige.

Of bestel se daliks troch in mail te stjoeren mei jo gegevens en de bestelling.

Trije pallets fol mei berneboeken

Sweltsjerige Berneboeken op pallets

Nijgjirrige nijsbrief?
Stjoer him dan in kear troch nei kunde, famylje en freonen. Wa wit ha dy ek belangstelling. Jo kinne ek allinne dizze link: https://www.audiofrysk.nl/Nijsbrieven.php maile.
Tige tank! 
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

juny 2024

maart 2024

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011