|
||
Trije nije harkboeken! Wat in ferskaat bringt Audiofrysk ditkear: 1. in berneboek dat al jierren en jierren in klassiker is, 2. in boek fol spûkferhalen út de Wâlden en 3. in moderne roman oer in Sloveenske frou yn de oarloch yn Fryslân. Astrid Lindgren - Pippi Langkous Fryske edysje, oerset troch Martsje de Jong De Fryske Pippi is foarich jier útkommen ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. de grize oer de grouwe Goeie ferhalen meie altyd wer op 'e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Beppe Xenia De Sloveenske Xenia, dy't mei in Fryske boeresoan trout, komt yn de Twadde Wrâldoarloch troch de moeting mei in âlde leafde, no in SD'er, foar drege dilemma's te stean. De harkboeken binne te bestellen by Audiofrysk en te keap yn de boekhannel of as download by Luisterrijk.
|
||
Yn de sutelaksje fan 2021 binne aanst mar leafst 13 Sweltsjeboeken te keap. De earste rige: |
||
En de twadde rige:
|
||
Nijsgjirrige nijsbrief? Stjoer him dan in kear troch nei kunde, famylje en freonen. Wa wit ha dy ek belangstelling. Jo kinne ek allinne dizze link: https://www.audiofrysk.nl/Nijsbrieven.php maile. Tige tank! |
||
Kontakt Audiofrysk: Tel. 058 - 2501465 |
Ofmelde
foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven