Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

 
Audiofrysk Nijsbrief


Nijsbrief septimber 2023

Audiofrysk Nijsbrief

In bysûnder projekt:

Harkboek De Raven
Yn april fan dit jier trof ik Goffe Jensma, emeritus professor Frysk, by Duhoux yn Wurdum op de byienkomst fan de ‘Postactieven’ fan ûnderwiisfakbûn AOB. Wy rekken oan de praat en hy kaam mei it foarstel om gedichten yn te sprekken foar Audiofrysk; hy wol graach aktyf wêze yn syn post-aktive karriêre. Wel, Audiofrysk is ek noch post-aktyf aktyf, dat dit like my in nijsgjirrich plan. Wy kamen gau op De Raven fan Poe yn de magistrale oersetting fan Douwe Tamminga.

 

 

Wy giene los.
It smiet in moaie foardracht op, mar ien gedicht fan 18 strofen is te koart foar in hiel audioboek, dus sochten wy noch mear gaadlike Tamminga-oersettingen.
A Winter’s tale fan Dylan Thomas, oerset as In winterferhaal, waard it twadde lange gedicht, beselskippe troch koartere fersen as Otahai en De túnman en de dea. Sa ûntstie in harkboek fan lyts 50 minuten.
Tamminga is yn 2002 ferstoarn en dêrnei binne alle rjochten ûnderbrocht yn it Tamminga-Piebenga Fûns, yn behear by it FLMD-bestjoer. Mei it fiat fan dit bestjoer koe it harkboek produsearre wurde. Wa wit komt Audiofrysk mei noch mear poëzij...  Oan no ta hawwe wy allinne de bysûndere samling fan fiif dichtbondels fan Abe de Vries mei as titel: Dy’t in hûs fynt op ’e wyn.
Freed 15 septimber hawwe Marja en ik it earste eksimplaar presintearre by Jensma thús.

It nije harkboek!

Tamminga syn taalmacht yn de folle breedte.

Hear nei it begjin fan De Raven op dizze side.

 

Lida Dykstra wint de Thea Beckmanpriis

It sjueryrapport:

"Lida Dijkstra schreef een prachtig boek waarin farao Toetanchamon, een van de bekendste onbekenden ter wereld, vakkundig en trefzeker in de historische context wordt gezet. De statige wereld van het oude Egypte komt zo heel dichtbij. De terloopse schrijfstijl, schitterende uitvoering en de illustraties van Djenné Fila dragen eraan bij dat dit boek een feest is om (voor) te lezen."

 

 

 

 

Audiofrysk hat twa Sweltsjeboeken en in harkboek fan Lida yn it fûns:

Sweltsjeboek Ridder JetSweltsjeboek de tún fan TripHarkboek Spegelspreuk Lida Dykstra

 

 

Dizze simmer yn it nijs:

Schrijver Hylke Speerstra krijgt de Fryske Anjer van 2023. Dat heeft het Prins Bernard Cultuurfonds Fryslân bekendgemaakt. De Fryske Anjer wordt alle jaren toegekend aan een persoon of een organisatie die zich verdienstelijk heeft gemaakt voor de Friese cultuur of natuur.

De kâlde krústocht - harkboek

Volgens het cultuurfonds is de 87-jarige Speerstra van grote betekenis voor de Friese literatuur en heeft hij de taal en thema's met zijn boeken voor een groot publiek toegankelijk gemaakt. "Speerstra is zonder twijfel een van de grootste literaire talenten ooit van onze provincie. Een verhalenverteller pur sang met een sterke journalistieke inslag", zegt Arno Brok, commissaris van de Koning en voorzitter van het Cultuurfonds. "Speerstra zijn werk wordt gekarakteriseerd door beeldend en rijk taalgebruik. Als geen ander weet hij op grond van eigen research en interviews historie tot leven te brengen voor een groot publiek." Brok noemt de schrijver verder "een markante persoonlijkheid, een icoon van Fryslân". Foar Audiofrysk hat Speerstra ûnderskate harkboeken ynlêzen. De kâlde krústocht is ien fan de bekendste.

 

 

 

 

Wat wie it Berne-iepenloftspul in súkses!

.Audiofrysk beleanne de bern freed 30 juny mei in harkboek fan Pippi yn it Frysk, en is boppedat foar trije jier sponsor fan it Berne-iepenloftspul

 

De harkboeken binne te keap by Audiofrysk en yn de boekhannel of as download by Luisterrijk.
Ek binne se te lien yn de Online Bibliotheek, as jo lid binne fan de byb.

 

 

 

Hjerst: De Sweltsjes fleane fuort...

Fan 'e wike hawwe wy 115 boeken ôflevere!


Tiidleaze boeken dy't graach kado jûn wurde.

De earste rige:

Ridder JetDe toverangel fan AteBeppe hat in aaipetGers op it dakWat in ein!Boem is ho!


En de twadde rige:

 

It reade beurskeYn de rimboeDe tún fan TripWa fynt it?Wêr is Mop?Wouter wol de sterkste wêzeSuper!

 
Nijsgjirrige nijsbrief?
Stjoer him dan in kear troch nei kunde, famylje en freonen. Wa wit ha dy ek belangstelling. Jo kinne ek allinne dizze link: https://www.audiofrysk.nl/Nijsbrieven.php maile.
Tige tank! 
Kontakt Audiofrysk:
Tel. 058 - 2501465

boek@audiofrysk.nl

Audiofrysk is in inisjatyf fan
DAT tekstbureau
Tsjerkebuorren 4, 9021CH Easterwierrum
Ofmelde
foar de nijsbrief
Untitled Document

Eardere nijsbrieven

augustus 2024

juny 2024

maart 2024

septimber 2023

july 2022

july 2021

juny 2019

oktober 2017

maaie 2017

maart 2017

jannewaris 2017

desimber 2016

oktober 2016

juny 2016

novimber 2015

septimber 2015

jannewaris 2015

oktober 2014

maaie 2014

april 2014

maart 2014

febrewaris 2014

jannewaris 2014

novimber 2013

septimber 2013

augustus 2013

juny 2013

maaie 2 2013

maaie 1 2013

april 2013

febrewaris 2013

jannewaris 2013

november 2012

oktober 2012

septimber 2012

augustus 2012

juny 2012

april 2012

maart 2012 twadde

maart 2012

febrewaris 2012

jannewaris 2012

november 2011

oktober 2011

septimber 2011

augustus 2011

july 2011

juny 2011