|
||
Nij by Audiofrysk: Dit bysûndere wurk is yn boekfoarm eins nearne mear te besetten: Nij is it útferkocht en twaddehâns komme je it net tsjin. Dus hoopje wy dat dizze harkboekferzje syn wei nei de minsken fynt. In moaie dei yn 'e hjerstAl te lang sil it net mear duorje dat se, op in moaie dei yn 'e hjerst, de dea yn 'e eagen sjocht. Foardat it te let is, fynt buorman, soe se noch opskriuwe moatte wat har yn it sin komt oer dat hele nijsgjirrige libben fan har. Om har sels hie it noch wol wat spannender kinnen; mar, seit buorman, it giet ek om al dy wûnderbaarlike dingen dy't noch alle dagen yn dyn holle omgean. Wa rêdt Cesilia TanIt alderleafst lyts famke Cesilia Tan, dat alle manlju om har fingerkes wynt, hat as oanfallich fanke te let troch dat op in stuit de rollen foargoed omkeard binne.
|
|
|
Subsidieregeling voor Fries onderwijs opnieuw open
Ek dit jier is der wer subsydzje beskikber foar it fersterkjen fan it Frysktalich ûnderwiis. Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 18 maart 2024 ôf in subsydzje oanfreegje foar de regeling Frysk foar no en letter. Der is subsydzje beskikber foar (nei)skoalling fan learkrêften en it oanskaffen fan ekstra lesmateriaal, mar ek foar kulturele aktiviteiten en ekstra ynset fan learkrêften en meiwurkers foar de Fryske taal en kultuer. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030. Lêsmateriaal wurdt foar 100% subsidiearre, dus skoallen, slaan jim slach! Keapje lêsboeken en dan foaral de Sweltsjes. Dy binne makke om yn de klasse te brûken, se sjogge der prachtich út en troch de stevige útfiering geane se hiel lang mei.Bygelyks dizze rige:
|
||
Of dizze:Audiofrysk is foar trije jier sponsor fan it Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum, se binne al wer drok oan it repetearen! BIS spilet dit jier: 'Lytse Pier en de flok fan it berneiepenloftmuseum', dat is in bewurking fan de film 'A Night At A Museum'.
Wy binne benijd!
|
||
Koarting yn de Boekewike!Famyljeboeken fan Audiofrysk foar de boekewike:Yn de boekewike binne dizze titels foar heal jild te keap by Luisterrijk.
|
||
|
||
Nijsgjirrige nijsbrief? Stjoer him dan in kear troch nei kunde, famylje en freonen. Wa wit ha dy ek belangstelling. Jo kinne ek allinne dizze link: https://www.audiofrysk.nl/Nijsbrieven.php maile. Tige tank! |
||
Kontakt Audiofrysk: Tel. 058 - 2501465 |
Ofmelde
foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven