|
||
Artikel oer Audiofrysk en harkboeken yn Op 'e Skille fan 5 juny '24 | ||
RINK van der VELDE Op 22 juny wurdt yn it Polderhûs op 'e Feanhoop de Rink van der Veldepriis 2024 útrikt oan Gerard de Jong foar it boek Blau fan dagen, griis fan ônrust (in Biltske roman). Nij by Audiofrysk: Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn ’e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichteby kennen. Fiskje en jeie wiene syn lust en syn libben. De fjildferhalen binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild.
|
|
|
Oare boeken fan Rink van der Velde by Audiofrysk: |
|
|
De Sweltsjerige hâldt stân:Ek yn de nije lêskoffers fan de AFUK binne se wer opnommen: |
||
de toverangel fan ate yn lêspakket A,
|
||
20 juny premjêre:Audiofrysk is foar trije jier sponsor fan it Berneiepenloftspul yn Easterwierrum, BIS spilet dit jier: 'Lytse Pier en de flok fan it berneiepenloftmuseum', dat is in bewurking fan de film 'A Night At A Museum'.
Wat binne wy benijd!
|
||
Kontakt Audiofrysk: Tel. 058 - 2501465 |
Ofmelde
foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven