|
||
Nije KvK registraasje Juster ha ik nei de KvK west yn Ljouwert om in nije ynskriuwing te regeljen.
It nije KvK-nr is 96277017; de rekkens en brieven wurde aanst oanpast. |
||
Twa nije berneharkboeken Heel ferskillend binne se, mar allebeide tige nijsgjirrich. I.E. Bloem skreaun earder al it mei de Simke Kloostermanpriis bekroande It neidiel fan de twivel, dat rjochte is op de jeugd fan 12-17 ongefear. En ek de Freon is op dy kategoary rjochte. It is it ferhaal fan in feest yn koronatiid, dêr't nochal wat mear oan de hân is. Sjoerd van Beem hat it moai ynlêzen.
|
|
|
|
Jorrit de Klerk Jorrit de Klerk skreaun syn earste berneboek en dat is daliks mar yn twa talen op de merk brocht: De rôf fan de Fryske mummy. Omdat it boek by ús yn de buert spilet, koene wy as Audiofrysk der net omhinne. De haadpersoanen race in pear kear by my foar de glêzen lâns. It is in spannend boek wurden, dat foar alle leeftiden fan in jier as 7 ôf oant 100 nijsgjirrich is. Froukje Sijtsma hat it earst oan har dochter foarlêzen en dêrnei foar de mikrofoan fan Audiofrysk. In oanwinst!
|
|
Meindert Bylsma hat mei de “blomkes” in moai pear plysjemannen yn it libben roppen, dy't hiel wat beprate wylst se in saak besykje op te lossen.
Earder hienen wy al Moard yn de hite hei útbrocht en no is hjir dan it earste diel út de rige: Allegearre snie.
|
||
De Sweltsjerige hâldt stân:Noch folop te keap foar mar 9,95 it stik, en dat bliuwt sa:
|
||
![]() ![]() ![]() |
||
De twadde rige |
||
Keapje se by de boekwinkel of bestel rjochtstreeks by Audiofrysk |
||
Kontakt Audiofrysk: Tel. 058 - 2501465 |
Ofmelde
foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven