Nim ek in abonnemint op de nijsbrief Jou jo namme op yn de mail en hy komt út en troch |
Nijsbrieven |
Nije harkboeken, weromsjen BIS lytse Pier, Sweltsjes |
augustus 2024
|
|
||
Dizze simmer is de produksje by AUDIOFRYSK gewoan trochgien It resultaat: |
||
Jetske Bilker - Spegel en sonde As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om’t se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan keunstner wer op te krijen. Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske ferhaal oer geheugen, de eangst foar alzheimer en famyljebannen. Fan Jetske Bilker (1960) ferskynde earder û.o. It libben fan in oar, dat nominearre waard foar de Gysbert Japicxpriis. Yn 2023 krige se yn Boalsert dy priis útrikt foar Spegel en sonde. |
|
|
|
Meindert Bylsma - Moard yn ’e hite hei
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan ’e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op ’e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op ’e rin. Resersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro ‘de Blomkes’ neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa’t dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like. Dit is it twadde diel yn de searje plysjeromans mei de filosofearjende plysjemannen Bekkema en Roosjen yn de haadrol. Bylsma toant him in boeiend ferteller, mei each foar detail en in humoristyske ynslach. |
|
Noch even weromsjen op BIS Sa’t jo faaks witte, is Audiofrysk wiis mei BIS, it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum dat alle jierren in grutte ploech bern yn beweging set. En wa wit sjogge wy oer in pear jier wer akteurs út dizze ploech op it toaniel yn de notaristún yn Jorwert, of by in oar iepenloftspul... Dy trochstreaming is der geregeld, tink bygelyks oan Nynke Laverman, en dit jier oan Mayte Veenstra, Siebo Boersma en Lútzen Rijpma. |
||
De Sweltsjerige hâldt stân:Noch folop te keap foar mar 9,95 it stik, en dat bliuwt sa:
|
||
De twadde rige |
||
Keapje se by de boekwinkel of bestel rjochtstreeks by Audiofrysk |
||
Kontakt Audiofrysk: Tel. 058 - 2501465 |
Ofmelde foar de nijsbrief |
Eardere nijsbrieven