Berneboeketiid op skoalle

Traveliers It goud fan de Aboriginals

 

Traveliers op Yslan

 

Traveliers Kantsjebopard Kurasao

Hoi Wrâld!

It tema fan de Berneboeketiid en de Kinderboekenweek is: Hoi Wrâld / Hallo Wereld. Fryske berneboekeskriuwers binne yn de hiele moanne beskikber om programs op skoallen en yn bibleteken te fersoargjen, nei oanlieding fan it tema.

Troch in fersin is der gjin berjocht nei de skoallen ta gien oer de Fryske Berneboeketiid.
Wy fan de Traveliers hawwe dêrom it inisjatyf nommen om de skoallen oan te skriuwen mei it oanbod fan ús program foar de Berneboeketiid. Wy fertelle oer de boeken, oer skriuwen yn it algemien en lêze in fragmint foar.
Om it program op te fleurjen is der in Traveliers-liet makke, dat yn de groepen songen wurde kin. Sjoch mar op www.traveliers.nl. De Berneboeketiidprogramma's fan Anny de Jong en Jan Schotanus steane hjirûnder. Ek Auck Peanstra hat in program oer de Traveliers.
Wy komme graach op besite. It program mei ien skriuwer kostet 80 euro yn de oere, plus reiskosten.

It is koart dei, mar as jo flot reagearje, kin der in soad.
De trije skriuwers, dat binne Anny de Jong, Auck Peanstra en Jan Schotanus,
binne eins de hiele wike troch beskikber. Allinne tiisdei 9 oktober is beset, dan wurdt yn Blija it 6de diel fan de searje Spoaren!, skreaun troch Anny de Jong, presintearre.
Reaksjes kinne oer de mail, graach mei fermelding fan de kontaktpersoan en in telefoannr. foar oerlis.

Mei freonlike groetnis,
De Traveliersskriuwers

Traveliers

 

Traveliers yn de Wild West

 

Traveliers Spoaren

 

 

Anny de Jong - anny.dejong@tele2.nl
Auck Peanstra - auckpeanstra@hotmail.com
Jan Schotanus jan@dattekstbureau.nl

 

 
 

Program Anny de Jong

Anny de JongAnny de Jong sil foarlêze út nûmer trije fan har spannende Traveliersboeken. Ja wis, nûmer trije. De aldernijste ferskynt nei de simmerfakânsje. It hjit ‘Spoaren!’ Fardau, Doutsje en Hidde belibje dizze kear kâlde aventoeren yn Finlân. Se wurde sels nei Ruslân ûntfierd.

‘Yslik aktyf’ spilet op Yslân. Dêr hawwe de Traveliers te krijen mei in gefaarlike groep miljeu-aktivisten, dy’t alles besykje om in ûndersyk dêr’t heit Travelier oan meiwurket te sabotearjen. De bern komme dêrtroch yn libbensgefaarlike situaasjes telâne.

Yn ‘In flitsend hûntsje’ binne de bern útfanhûs by famylje yn Skotlân. As neef Hugh oan in sheepdogtrial meidocht, ferdwynt syn hûn Sweep. Se krije berjocht dat er dea is, mar dan sjocht Hugh in foto fan in nêst hûnen. It moatte wol bern fan Sweep wêze. De pups hawwe itselde tearke yn it ear. Libbet Sweep noch en kriget Hugh syn hûn werom?

Anny de Jong hat in kwis fan de lêste boeken makke. De groep moat dan wol ‘In flitsend hûntsje’ of ‘Yslik aktyf’ lêze. Foar de winner is der in prachtige priis.

Fan dizze beide boeken is der ek in harkboek te krijen. As lêzen net slagget, is harkjen in goede wize om achter al de aventoeren fan de Traveliers te kommen. De harkboeken binne te bestellen by www.audiofrysk.nl

Fansels meie de bern ek fragen oan de skriuwster stelle. Graach de fragen fan te foaren betinke en opskriuwe oars moat se withoefaak itselde antwurdzje.


 
 

Program Jan Schotanus

Myn namme is Jan Schotanus, ik bin berne yn 1950 op in pleats yn Jellum en wenje al jierren mei Marja yn Easterwierrum.
Ferhalen fertelle en foarlêze is miskien wol it mJan yn Ruslanoaiste part fan myn berop.
Dêrom gean ik ek dit jier graach by skoallen en bibleteken lâns om oer en út myn wurk te fertellen.

It tema fan de Berneboekwike, en dus ek fan de Berneboeketiid, is: Hallo Wrâld!

Wel, dat is in tema dêr't je as skriuwer mei út de fuotten kinne.
Ik ha dan ek twa mooglikheden foar in program yn de oanbieding:

De ûntdekking fan de nije wrâld troch Kolumbus oan it begjin fan de Nije tiid.

Yn myn boek De ûnmooglike reis fan de Santa Maria reizget Beart yn syn dreamen mei op de earste reis fan Kolumbus yn 1492. Syn tamme rôt Beppy spilet omtrint in like grutte rol, wylst wy ek yn de kunde komme mei matroazen, in boatsman, de admiraal en kapiteins, en sels mei in hiel koar fan rotten, dat shantylieten sjongt.
Dat hiele koar fan rotten bepaalt suver de rin fan it ferhaal; mei in bytsje oerdriuwen soene je sizze kinne: As dy rotten net mei fearn wiene, hie Kolumbus Amearika miskien net iens helle!

It twadde program is om De Traveliers-rige hinne boud.
De boeken oer Hidde en Fardau Travelier lykje skreaun te wêzen foar dizze Berneboeketiid. Yn alle dielen is de famylje op in oar plak fan de grutte wrâld, dûkt dêr yn it aventoer en nimt ek noch wat mei fan de pleatslike situaasje. Yn myn program stiet Fûgelfrij yn de canyon, dat yn 2010 útkommen is, sintraal. Graach nim ik de bern mei nei it Midden-Westen fan de Feriene Steaten fan Amearika.
Wa wit sjonge wy ek it Traveliet!

Yn de rin fan beide optredens komme ek algemiene eleminten fan it skriuwen fan ferhalen oan bod. Hoe komme je oan ynspiraasje, watfoar foarbylden brûke je, ensfh. ensfh.

It program is geskikt foar de midden- en boppebou basisskoalle.
Yn oerlis bin ik eins de hiele wike beskikber.

 
 

Reaksjes kinne oer de mail, graach mei fermelding fan de kontaktpersoan en in telefoannr. foar oerlis.

Mei freonlike groetnis,
De Traveliersskriuwers