Traveliersskriuwers op paad

oktober 2013

Anny de Jong

Moandei 7 oktober bringt Anny de Jong har programma oer de Traveliers op de basisskoalle fan Easthim. Ek de bern út de boppebou fan Folsgeare sille dêr by wêze.
Sintraal stiet it boek Yslik aktyf, it spannende aventoer op Iislân.

Auck Peanstra

Auck Peanstra is mei har oare programma's op reis yn de berneboeketiid.
Yn De Rottefalle op basisskoalle De Finne op 1 okt. en yn De Wymert yn Drachten op 8 oktober bringt se har program 'De boel op stelten'.


En ek it suksesfolle programma mei tekenares Yke Reeder 'In frjemde fûgel' stiet wer op priemmen: 13 oktober yn Terherne op de berneboekedei, en 14 oktober by De Librije op de Gerdyk.

Bernebrêge yn De Pein

12 oktober 2012

         

Foto's fan de presintaasje fan De Traveliers Spoaren! fan Anny de Jong

9 oktober 2012.

It Traveliet is klear

24 septimber 2012

Wiebe Kaspers

It Traveliet

 

By in echte searje heart in liet.

By optredens fan de skriuwers yn de klasse of yn in bibleteek kin dat liet songen wurde, en as in groep mei de boeken oan de gong giet, is it ek in moaie aktiviteit om der even yn te kommen.


De skriuwers fan de Traveliers ha de tekst makke, en Oane Peanstra, de broer fan Auck, hat foar de melody soarge.


Doe ha wy Wiebe Kaspers fan muzykteaterduo Hammer en Kaspers frege om it yn te sjongen.
It heart lang net raar! De tekst en de muzyk stiet as pdf beskikber, en it liet is as mp3 del te laden en te hearren. Spesjaal foar meisjongen is der ek in karaoka-ferzje!

Harkje hjir nei it Traveliet

 

De karaoke-ferzje

It Traveliersliet

tekst

 

muzykblêd

 

Dellade:

opname tekst en muzyk

 

opname karaokaferzje

Oanbieding Spoaren!, it harkboek

22 augustus 2012
 

Feestje ta gelegenheid fan it ferskinen fan Spoaren!, it sechsde boek yn de Traveliersrige.


Anny de Jong hat it daliks ynlêzen, dat it harkboek koe feestlik oanbean wurde by in itentsje fan de trije skriuwers.

 

 

Under it iten fleagen de ideeën foar it folgjende diel al wer oer de tafel.

 

Yn de Berneboeketiid binne de Traveliers ien fan de highlights, dat der moat in ferse komme, dat mei de groepen songen wurde kin. Op dizze jûn waard it Traveliet dus trochnommen. Spitigernôch wie it wat te rumoerich om it al foar te sjongen.
Anny de Jong hat de Skriuwerskalinder 2013 yn de hannen. Alle trije de skriuwers en ek Marja Schotanus, hawwe har ynsetten omder wat moais fan te meitsjen.

 

Spoaren en de Skriuwerskalinder
foto DAT - Marja Schotanus

Feest by Spoaren!

augustus 2012
 

Berneboeketiid komt deroan.

augustus 2012
Op 9 oktober is der in lyts feestje fan de Traveliers yn Ferwerteradiel. Folgje it nijs!

As der ien rige is, dy't past yn it tema fan de berneboekewike dit jier, dan is it wol dy fan de Traveliers. Sjoch ek de site fan It Fryske Berneboek.

Letter mear nijs hjiroer.

 

Wa wurdt de winner?

21 juny 2012
 
 

Parseberjocht

BerneboekesjueryWa wint de sulveren spjeld fan de Berneboekesjuery 2012?
Wurdt it Auck Peanstra, Jan Schotanus of Anny de Jong.

Moandei 25 juny om 10.30 wurdt de winner fan de sulveren spjeld fan de Berneboekesjuery fan 2012 bekend makke op OBS De Pôlle yn Marssum.
Yn 2012 hawwe hûûnderten skoalbern úút Fryslân meidien oan de Berneboekesjuery. Dit jier koenen sy it moaiste boek kieze úút in rige fan 5, útbrocht troch de Afûk.
De rige fertelt oer de famylje Travelier. Heit is geolooch en sadwaande bedarret it hiele gesin hieltiid op oare frjemde plakken, dêr’t sy allegearre spannende en soms sels gefaarlike avontueren belibje. Op dit stuit binne der fiif titels útkaam en wurdt der hurd wurke oan de sechsde.
De fiif titels dy’t kâns meitsje om de Berneboekesjuery te winnen binne:
It goud fan de aboriginals en Kantsjeboard op Kurasao fan Auck Peanstra, Fûgelfrij yn de Canyon fan Jan Schotanus en In flitsend hûntsje en Yslik aktyf fan Anny de Jong.
De Fryske Berneboekesjuery is bedoeld om it lêzen yn de Fryske taal te stypjen.

Noat foar de parse:
Jo binne fan herte útnoege om by de útrikking fan de sulveren spjelde oanwêzich te wêzen.
Datum: 25 juny 2012
Tiid: 10.30 oere
Plak: OBS De Pôlle yn Marssum
Foar mear ynformaasje oer de berneboekesjuery en de útrikking kinne jo kontakt opnimme mei:
Binne Reitsma
b.reitsma@tresoar.nl
058-7890760
Of sjoch op:
www.itfryskeberneboek.nl

   

Op besite by twa skoallen

25 maaie 2012
 

Yn maaie 2012 krige Auck de útnoeging om ris mei de bern fan de heechste groepen fan de basisskoallen fan Ferwert en Boksum te praten.

It soe ommers de heechste tiid wêze om mear Glitter en Glamour yn de boeken te triuwen.

It waard in poerbêst petear, en Auck hat allegearre ideeën opdien...

 

Lês hjir it ferslach fan de beide middeis.

Op skoalle y6n Boksum

Achter fan links nei rjochts:

Wieke Bouma, Famke Kuiken, Merijne Houwink, Sanne Verbaas, Syds Bouma, Bente ten Broek, Nicolette Hallema, Symen Bruinsma, Sieger Wijnsma.
Foarste rij: Redmer Nauta, Evan v.d Voort, Rick Wijbenga.

Foto's út Kurasao

Hat Auck har ynspiraasje opdien op dizze reis nei de Kariben??? Tomke hat it yn elts gefal fier skopt!