2012 SPOAREN!18 septimber 2012 |
Spoaren! is no ek as harkboek te keap: by Audiofrysk of yn de boekwinkel op cd, of by Luisterrijk as download. |
2012 SPOAREN!10 augustus 2012 |
De nijste Traveliers! |
Anny de Jong hat har tredde Traveliers klear!
Diskear is de famylje op wintersportfakânsje yn Finlân. Ticht by de grins mei it grutte Ruslân blike der noch altyd spanningen te wêzen tusken beide lannen.
Flaptekst:
'Jim hawwe by it fleantúch west.'
It harkboek fan Spoaren! is omtrint klear. |
![]() |
2012 Kantsjeboard op Kurasao
It twadde boek fan Auck is: Kantsjeboard op Kurasao.
..Underwilens rint foar de beide bern de spanning op. Se hawwe nammentlik in skûlplak fan drusgdealers fûn en Fardau hat sa dom west in pûdsje mei it wite guod yn ‘e bûse te dwaan. Dat leveret in achterfolging en in ûntfiering op, alles sjoen fan it perspektyf fan de bern út. Ien kear komt de alwittende ferteller even om ‘e hoeke sjen dy’t fêststelt dat de húshâlding folge wurdt troch in blauwe auto. Fansels soarget dat foar spanning by de lêzer. Mar it is wol wat ynkonsekwint yn it gehiel, dêr’t alles sjoen wurdt fan it eachpunt fan de bern út. Allinne oan ‘e ein ferspringt it sicht fan de bern nei de âlden. Dat kin lykwols net oars. De bern witte nammentlik te ûntsnappen en farre mei in boatsje de see op. Mar wol sûnder riemen en ûnder de blakke sinne. Dat it giet hast noch mis. In lekker spannend boek. Jant van der Weg yn it Friesch Dagblad fan 18-02-2012. Lês de hiele resinsje. |
|
Sjoch foar it audioboek by audiofrysk. Dêr is ek in fragmint te hearren, foarlêzen troch skriuwster Auck Peanstra.
|
Keapje it boek by de AFUK. |
2010 Fûgelfrij yn de Canyon |
|
![]() |
Jan syn earste boek spilet yn de Feriene Steaten fan Amearika.
De flaptekst:
Keapje it boek by de AFUK, of as audioboek by Audiofrysk. |
2010 In flitsend hûntsje - Anny de Jong7 maart 2012
|
|
It twadde boek fan Anny is: In flitsend hûntsje. Dy man skept op oer syn Bordercollies. Hy wol yn Skotlân in super reu sykje foar syn teef.
Yn de simmer geane mem Jelma, Fardau, Doutsje, Hidde en in freon mei de kamper nei Skotlân. Se wolle wolris de Highland games meimeitsje. As Hugh in foto fan it nêst jonge hûnen fan Ferwerda sjocht, is er der wis fan dat Sweep de heit is. Hat in fokker mei in sike reu hjir wat mei te krijen? De Traveliers geane op ûndersyk út.
|
|
Keapje it boek by de AFUK, of as audioboek by Audiofrysk. | |
2009 Yslik Aktyf - Anny de Jong |
|
![]() |
Anny siet ek drok te skriuwen, har earste boek spilet yn Yslân.
Heit Marten wurket op it ûndersyksskip de Bundian foar de kust fan Yslân. Mem Jelma, Fardau en in freondinne Doutsje fleane nei Yslân foar in fakânsje. De Blue Lagoon, de geysirs en de pappegaaidûkers steane fansels op it programma.
Miljeu-aktivisten binne poer op it wurk fan de Bundian tsjin.
De famkes binne in dei op de Bundian te gast en ûntsnappe mar krekt oan in bomoanslach troch de aktivisten.
Nei in spektakulêre helikopterflecht wurde de beide famkes yn feilichheid brocht. De aktivisten driigje mei noch mear oanslaggen en de toer fan de Hallgrímskirkja yn Reykjavík wurdt it ûnderwerp fan in earnstich aventoer.
Moat de Bundian it ûndersyk stopsette of kin de polysje op ’e tiid yngripe?
Dit boek - Yslik aktyf - ferskynde ek yn 2009.
Keapje it boek by de AFUK, of as audioboek by Audiofrysk. |
2009 - It Goud fan de Aboriginals - Auck Peanstra |
|
Auck skreau in ferhaal dat yn Austraalje spilet: It goud fan de aboriginals Mei de camper makket de famylje Travelier in reis troch it lân fan de oarspronklike bewenners, de Aboriginals. Dit boek ferskynde yn 2009. |