Spoaren! resinsjes

10 maaie 2013

 

Begearige fakânsjegongers
Anny de Jong – De Traveliers, Spoaren!,
Afûk, Ljouwert, €12,50, (10 jier en âlder)

Finlân en in bytsje Ruslân binne dit kear de lannen wêr’t de aventoeren fan de famylje Travelier harren ôfspielje.
It is boek seis yn in rige dêr’t trije Fryske skriuwers yn tige lêsber Frysk in flot ferhaal delsette.
Spoaren! is skreaun troch Anny de Jong. It is har tredde bydrage oan de Traveliers-searje en opnij tige slagge. Op side 95 stiet treflik omskreaun wêr’t alle boeken om draaie: ,,As jimme mei de Traveliers op fakânsje geane, belibje jimme de gekste dingen.’’
De Traveliers, dy’t besteane út heit en mem, Fardau en har âldere broer Hidde, geane dizze kear net allinnich op fakânsje. Freondinne Doutsje en har heit en mem binne der ek by. Om’t it in wintersportfakânsje is, wol Hidde noch wol mei, al wie it mar om sjen te litten dat hy goed snowboarden kin.

 

Mar de heiten hawwe it dit kear foar it sizzen. Sy ha in programma gearstald en ferrasse de beide famyljes alle dagen. Allinnich ha sy gjin rekken hâlden mei harren aventoerlike bern. Dy geane der sels mei huskys en slide fan troch as se mear wite wolle fan in Russysk fleantúch dat delstoarten is.
Dêrtroch komme se wer yn in benaud aventoer telâne, dat troch yngripen fan hege Finske funktionarissen goed ôfrint.
No ja, hielendal goed no ek wer net. Doutsje har mem rekket ferwûne oan it skouder en Hidde rint in stikken ankel op by in wedstriid snowboarden. Mar de famylje nimt it sportyf op: ,,Hidde, jonkje! Wiest wer begearich? Moast wer sa nedich twa dingen tagelyk ha?’’

 

MARIA DEL GROSSO

20 oktober 2012

 

Spoaren!


Sigrid Kingma

De Traveliers: Spoaren! fan Anny de Jong is it sechsde boek út de Traveliers-searje, in rige spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget diskear ôf nei Finlân foar in wintersportfakânsje tegearre mei freonen Jan, Joukje en dochter Doutsje. Wat der krekt bart, is in ferrassing fan de heiten. Dy komme sels lykwols ek foar ferrassingen te stean. Wannear’t de groep mei slidehûnen fuort is, stoart der flakby in fleantúchje del. Ien span hûnen skrikt sa dat de slide op ’e kop rekket. Joukje rekket ferwûne en moat ferplege wurde. De jûns pakke de bern ûngemurken de slide om werom nei it fleantúch. Se wolle nei de bemanning ta, mar treffe lykwols wat oars oan.


 

Yn dit ferhaal fol faasje dêr't ek romte is foar bûtenlânske polityk en de Finske taal, sit de spanning der fan it begjin ôf oan goed yn. Hoewol’t der in soad tagelyk bart, is de tried goed te folgjen. Opfallend is dat it dwaan en litten fan haadpersoanen Fardou en Hidde wolris ûnrealistysk is. Se binne bytiden sa grutmoedich en (taal)feardich dat it by it wûnderlike om 't ôf is. Mar alles bymekoar is it boek foar de searje en foar de jongerein in moaie oanwinst. 

Anny de Jong, De Traveliers: Spoaren!, újouwerij Afûk, 12,50 euro

Kantsjeboard resinsjes

17 maart 2012
 

Resinsje fan Jant van der Weg

 

Maria Delgrosso

Fûgelfrij yn de canyon resinsjes

 

Resinsje Jant van der Weg yn it Friesch Dagblad fan 4 septimber 2010

Dit nije ferhaal, Fûgelfrij yn de Canyon fan Jan Schotanus, is wer lekker spannend.

 

De reislustige famylje is no nei Amearika oerstutsen, diskear sûnder dochter Fardau, mar wol mei freon Jelle. Beide jonges, Hidde en Jelle, binne aardich oan elkoar weage, folje elkoar moai oan: Hidde mei der graach fuort op ynfleane en Jelle is wat mear betochtsum. Diskear giet it om in foech milieu-item: protest tsjin helikopters mei toeristen dy't hoe langer hoe mear de kostlike natuer mei syn stilte yn de Great Canyon fersteure. Der komt sels in ûntfiering oan te pas. De oplossing drage de beide jonges, sa't dat heart yn dizze rige, har stientsje oan by. By de ûntknoping sil de wiere skuldige, dy't de lêzer dan ek krekt as de beide jonges yn it fizier hat, earst noch ûntkomme. Mar fansels wurdt it rjochtfeardichheidsgefoel befredige, al giet it yn it 'gewoane' libben faak wol oars.

Besprek troch Maria Delgrosso yn de LC fan freed 15 oktober 2010

Heal yndiaan, heal Frysk
De Traveliers, in famylje dy't noait ris in kear in gewoane fakânsje hat, binne dit kear yn Amearika. 'Fûgelfrij yn de Canyon' is de fjirde ôflevering út de searje en de driigjende hauk op 'e foarkant ferseit net folle goeds. Mar wa't de oare trije aventoeren lêzen hat wit ek dat de Traveliers harren altiten rêde.
Dat wol net sizze dat it ferhaal net spannend is. Lykas de oare skriuwers út de rige, Auck Peanstra en Anny de Jong, wit Jan Schotanus dizze kear de lêzer by de les te hâlden. It is dochs al knap dat de trije skriuwers hast deselde styl hantearje.
Schotanus kiest allinnich foar soan Hidde en freon Jelle as haadfigueren, wylst yn de lêste twa boeken dochter Fardau sintraal stie. Sy is no op ponykamp en komt allinnich fia in inkelde sms oan har mem yn it ferhaal foar. Rom baan dus dit kear foar Hidde en Jelle, dy't op harren camping yn de Grand Canyon de Amerikaanse jonge Davon treffe. Lit hy no krekt heal yndiaan en heal Frysk wêze.
De trije komme yn in aventoer telâne dêr't sels de regearing en de gûverneur fan Arizona mei te meitsjen hawwe. It draait allegear om in lûdswet, dy't der foar soargje moat dat it yn de prachtige Grand Canyon wer rêstich wurdt en der net hieltiten helikopters mei toeristen omfleane. Fansels wolle de eigners fan de helikopterbedriuwen dit net.

Hoewol't de lûdswet in yngewikkelde kwestje is, wyt Schotanus dit tige ienfâldich yn in pear sinnen út te lizzen. En hy wit echte jongeshumor yn it boek te ferwurkjen. Sa as de beskriuwing fan Carmen, dy't harren fertocht hâldt en draagt. 'Hy kriget omtrint de triennen yn 'e eagen fan har parfum. Gjin ferkeard luchtsje, mar tsien kear te sterk.'

In flitsend hûntsje resinsjes

 
In flitsend hûntsje, Traveliers yn Skotlân
In flitsend hûntsje LC Maria Delgrosso

Yslik Aktyf resinsjes

 
Yslik aktyf yn Iislân
Yslik Aktyf yn de Ljouwerter Krante

It goud fan de Aboriginals resinsjes