Untitled Document
Home

SWELTSJES

Bestelle Sweltsjes

BestelleAudio

Traveliers en Protters Ynformaasje en kontakt

Nijsbrieven

Links

Lêste nijs

Yn de media

 

Audiofrysk yn de media

maart 2024 Moai artikel fan Marijke de Boer op de site fan Tresoar:https://www.tresoar.nl/literatuur/uitgelicht/klaes  
2-4-21

De kollum fan Martsje de Jong yn de LC hjoed:

Hear, hear!
Dy’t net lêze wol, moat mar hearre!

Sa út en troch ha ik alris trochskimerje litten dat lêzen foar my de wichtichste bysaak is yn it libben. Spannende boeken fan Skandinavyske skriuwers, útwrydske romans út de klassike Russyske biblioteek en fierder sa’n bytsje alles wat der oan Fryske literatuer ferskynt.

En dat stiet hjir thús dus allegear yn syn hiele hear en fear yn kasten en doazen. Inkeldris hâld ik opromming, dan giet der in doaze fol nei it lêskafee yn Bitgummole, of ik jou it de tsiisboer mei dy’t der ek altyd wol plak foar wit.

Guon retten my oan om tenei mar e-boeken te lêzen, mar in boek op in skermke, dat leit my net. In hiel oar ferhaal wurdt it mei harkboeken. Boeken dy’t foarlêzen binne troch in hooplik noflike en betûfte stim en dy’t je troch de tiid helpe op in lange reis, ûnder it húshimmeljen of yn tiden dat jo bygelyks fanwegen in beferzen skouder suver gjin boek omheech hâlde kinne.

Mei de bern ûnderweis yn de auto ha ik hiel wat berneboeken op cd griisdraaid. Koen KampioenDe GVRDr. Proktors Schetenpoeder , wy koene se op it lêst wurd foar wurd meiprate. Mar noait in Frysk boek, wylst dy der wol binne. Foar bern likegoed as foar folwoeksenen.

Dat begûn ea mei it Sprutsen Frysk Boek dat troch frijwilligers fan it CBB, de kristlike biblioteek foar minsken mei in fisuele beheining, ynlêzen wurdt yn in studio yn Snits. Net kommersjeel en ek net foar elk beskikber. De Afûk besocht it mei Ronja de Rôversdochter , mar dêrnei net wer. Jan Schotanus is mei syn AudioFrysk yn it gat sprongen en bringt alle jierren in stik as fiif titels út, klassikers, nij wurk en berneboeken.

Eins is it wûnderlik dat it harkboek noch gjin gruttere flecht nommen hat yn ús drokke bestean. Op bygelyks Storytel, Kobo, Luisterrijk en de app fan de eigen biblioteek fynst tûzenen titels, en net allinnich fiksje. Skiednis mei Maarten van Rossum, boeken oer spiritualiteit, ekonomy, reizgjen, folle net genôch.

De online lêzersmienskip Hebban.nl hat yn 2017 de organisaasje fan de Week van het Luisterboek op him nommen, om’t it nasjonale marketingburo foar literatuer, it CPNB, der gjin heil mear yn seach. Yn 2020 waard de harkboekewike annulearre. Fanwegen koroana, mar, sa sei de haadredakteur, útjouwers en ferkeapers hiene ek net bot belangstelling. Se soene yn 2021 wol ris wer sjen. It bliuwt noch altyd stil.

Krije útjouwers en boekferkeapers kâlde fuotten fan harkboeken? It hat der alles fan. Wylst audio just safolle mooglikheden jout. Bygelyks in ekstra publyk, dat oars gjin bek op in boek set, mar it op in usb-stickje yn ’e auto of it iepenbier ferfier wol te prûmjen fynt. Kinst it noch moaier meitsje: ast dochs yn ’e studio dwaande bist om in boek foar net-lêzers geskikt te meitsjen, wêrom it gehiel dan net wat opsnolkje mei muzyk en lûdseffekten, lykas eartiids by de harkspullen dien waard?

Sterker noch, wêrom, Fryske skriuwers en útjouwers, betinke jim net, á la Netflix, in Frysk platfoarm foar ferhalen of koarte boeken dy’t spesjaal foar audio-útjefte skreaun binne? Horror, psychologysk of miskien sels wol eroatysk? Foarlêzen wurde is ommers in feest!

As útjouwer soe ik it wol witte, in goed boek of ferhaal heart ek in profesjonele audioferzje fan te kommen. Dan kinne Friezen en Frysktaligen oer de hiele wrâld tenei de literatuer ûndergean.

Dy’t net lêze wol, moat mar hearre!

martsjedejong@gmail.com
 

 

 
13-11-19

Presintaasje Sweltsjerige 2 mei Wout Zijlstra op De Wielen

Prachtige foto yn Friesch Dagblad fan Marchje Andringa.

Artikel FD Sweltsjerige 2 Marchje Andringa

 
8 maaie 2019

Week van het Luisterboek (WvhL)

Omrop Fryslân op lokaasje.

Bauke Deelstra wie by ús op besite fan 'e moarn om oer de harkboeken te praten.

Noch in kear hearre?

Nei healwei achten

Nei achten

 
29 sept 2017

Aventoeren foar begjinners

Ûnder dizze prachtige titel hat Rixt Oenema in lang en ynformatyf artikel skreaun oer de Sweltsje-rige.

Lês hjir it hiele artikel.

Marja en Jan mei de hiele searje yn de hannen

 
24 juny 2017

By Omrop Fryslân yn Op & Út:

Ernst Bruinsma pleitet foar de berneboekerige de Sweltsjes.

Harkje nei syn oprop.

 

De toverangel fan Ate - Jurjen van der Meer

 

 
29 maaie 2017

Grut artikel fan Sigrid Kingma yn it Friesch Dagblad fan sneon 27 maaie oer de Sweltsjerige.

Ek hat hja in blog publisearre, dat wy hjirre folgje litte:

Fan klysters nei sweltsjes

Op myn buro lizze seis kleurige boekjes. Dy boekjes ha my de ôfrûne wike yntensyf dwaande holden foar in besprek. It is de Sweltsjerige, boeken op lêsnivo foar gebrûk yn it basisûnderwiis. Ik kin bliid wurde fan sokke resultaten, hielendal om’t ik wit hoe lang oft de reis fan it earste idee nei in útfiering west hat. Ik ha bewûndering foar dizze skriuwers. It falt om te begjinnen net ta om in goed berneferhaal te skriuwen mei in kop en in sturt. Sy fersteane dy keunst, it binne seis fan de bêste skriuwers fan Fryslân.

Dat allinnich bin ik dan ek net sa fan ûnder de yndruk, mar it wurdt in stik dreger as dat ferhaal oan de kritearia fan in bepaald lêsnivo foldwaan moat. Dat beheint in skriuwer ôfgryslik yn wurdgebrûk, sinslingte, lettergrepen en lêstekens. Om mei al dy betinksten rekken te hâlden, in eksakt oantal siden oan tekst oan te leverjen, en dan noch in goed ferhaal te skriuwen dat noflik lêst, dat is grutte klasse.

Fan de namme Sweltsjes wurd ik ek bliid, mar dat is persoanlik. Yn 2012 ha ik in lêzing holden foar Sirkwy Seminar oer Fryske berneliteratuer mei de ûndertitel Ûntjouwing en foarútsjoch oan de hân fan de ôfrûne 20 jier. Oan de ein fan dy lêzing ha ik it oer it súkses fan de Nederlânske Lijsters hân. Elkenien kent se, skoallen ferspriede folders, stimuleare de oankeap, âlden keapje de boeken om’t se in goede namme ha, en ûnder bern binne de boeken populêr om’t se fan goede kwaliteit binne. Doe ha ik foarsteld om foar it Frysk ek sokke rigen te ûntwikkeljen en dy bygelyks Klysters te neamen. Foar de boppebou wie der wol wat oan Fryske boeken, mar folle minder as foar beukers, en promoasje foar dy boeken wie der hast net.  Myn idee wie om besteande boeken yn in rigejaske te stekken en sa de promoasje fan ferskate moaie boeken te bondeljen.

Klysters koenen it lykwols net wurde fanwege nammerjochten, dus dat binne doe Protters wurden. No is deselde inisjatyfnimmer trochgongen mei boeken mei in ambisjeuzer plan om in nije boekesearje te ûntwikkeljen. Foar dizze leeftyd wienen minder Fryske boeken as foar oare leeftiden, en út fraachpetearen mei bern út groep 7 en 8 fan fiif skoallen die bliken dat der wol ferlet fan wie. De Sweltsjes pakke sa twa punten tagelyk oan: produksje en promoasje. Ik hoopje op in grut súkses! It besprek folget.

 

 
21 juny 2013

Grut artikel yn de Leeuwarder Courant

Frysklêzers oan de download

Sietse de Vries hat in flink artikel publisearre oer Audiofrysk en DAT tekstbureau. Tiisdei de 18de hat er yn Easterwierrum west om it ynterview ôf te nimmen.

Ynterview mei DAT tekstbureaqu en Audiofrysk yn Easterwierrum

Hjir al de foto fan Niels Westra. Klik der op om it hiele artikel te lêzen.

 

 
22 april 2013

Ynterview troch Abe de Vries yn it Friesch Dagblad

‘Spitich dat hjir sa’n bytsje files binne’

Dizze wike is it de ‘Week van het Luisterboek’. Jan en Marja Schotanus fan Audiofrysk bringe al sûnt 2008 Frysktalige harkboeken op ’e merk. Hoe rint dat?

 

Audiofrysk (www.audiofrysk.nl) út Easterwierrum biedt wilens sa’n santich titels te keap oan: Fryske boeken op cd’s, ynlêzen troch de skriuwer sels of in oare betûfte foarlêzer. Jan Schotanus, dy’t lange jierren yn de learmiddelekommisje fan de Afûk siet, besocht earst om de reguliere útjouwers der waarm foar te meitsjen, mar dat slagge net. De produksjekosten wiene te heech en de merk mar lyts.

Foto Frans Andringa
Foto Frâns Andringa

“Pas doe’t ‘burning on demand’ in serieuze opsje waard, koe it los,” seit er. “As jo cd’s printsje litte, is it minimum fiifhûndert stiks. En dat ferkeapje jo lang net flot genôch. Mar no kinne audioboeken op oanfraach digitaal produsearre wurde. Dan bliuwt de foarried lyts en ha je net hege materiaalkosten.”

De santich titels binne op cd te krijen, mar ek as dellaad beskikber. It ferskaat yn de oanbeane boeken is grut, it rint fan de bernedetektives fan de Mentha Minnemasearje oant De fûke fan Rink van der Velde, en fan lêzingen oer Fryske literatuer yn de Seminar-rige oant dichtbondels. Yn Nederlân is de merk foar harkboeken lyts, en yn Fryslân dus noch lytser. Schotanus: “Fan in berneboek wurde de earste jierren in tritichtal ferkocht, benammen oan bibleteken. In roman as It ferset fan Harmen Wind hellet miskien 35. Toppers fan Rink van der Velde en Hylke Speerstra komme nei ferrin fan jierren út op in hûndert. Fan De kâlde krústocht binne lykwols mear as fiifhûndert stiks de doar út gien, mar dat wie dan ek in spesjale aksje.”

De doelgroep is eins elke Frysk-lêzer, mar de praktyk wiist út dat it harkboek noch faak assosjearre wurdt mei in lêshandicap. Guon boeken wurde kocht foar heit en mem dy’t gjin letter mear lêze kinne, mar al niget oan ferhalen hâlde. “Spitich foar ús is dat yn Fryslân sa’n bytsje files binne,” seit Schotanus mei in knypeach, “want yn de auto wurdt nochal nei harkboeken heard. Ek foar bern op de achterbank is it in moaie manear om jin te fermeitsjen as de reis wat langer duorret.”

De nijste harkboeken binne De moaiste mearkes fan Grimm, oerset troch Anne Tjerk Popkema, en in delslach fan it resinte sympoasium ‘See, see, do wide see’ mei fjouwer lêzings. Fansels hat Audiofrysk ek alwer titels op kommendewei. Lykas De treastfûgel fan Hylke Speerstra. En in hiel grut projekt: De reade bwarre, de belangrykste roman fan Trinus Riemersma (yn totaal mar leafst tweintich cd’s). Dat lêste plan is in boppeslach foar dyjingen dy’t altyd wat oan skytskoarren tsjin de eigen Fryske stavering fan Riemersma yn dat boek.

By elke titel checkt Schotanus fansels de kwaliteit fan it lûd en it ynlêzen. “Ut en troch hear ik op de opnames in fersuchting fan de skriuwer: ha ik dit skreaun? Guon wurde even mei de noas op de feiten drukt as se har eigen wurk lûdop foarlêze moatte...”

 
     
  EARDERE Yn de Media  
Werom